Wrang

Justerjûn op twitter gie it samar oer wrang. En oer BH's, mar dêr mei ik my net mei bemoeie, sei in bestjoerslid fan it Boun, dus doch ik dat net mear. Brave jonge.

Goed, wrang dus.
Ik tink dat fan myn folgers in soad minsken noch nea fan wrang heard ha. Heech tiid foar wat naschoolse bijscholing.
Wrang is in flokwurd foar boeren. Stel jo ha in moaie keppel pinken yn it lân. Dat binne hast kij, mar noch net hielendal. Oerjierske pubers, sis mar. Doe't ik jong wie, ahum, kaam der yn de rin fan de maitiid in pinkebolle by, mei as doel dat de pinken it jier dêrop kealje en feroarje soenen yn rierren. Interkij. Dus dy bolle hie in machtich moai jier, fansels. Ik gean dêr net fierder op yn, jim kinne it jim foarstelle. 50 tinten griis, mar dan sûnder griis. Jonge blommen, in lân fol. Hupsakee.

Oant safier alles prachtich. Mar dan kamen je op in dei te pinketellen en seagen je ien (of mear) dy't kreupel rûn. En it bist hie in jaarke. Dat kin fansels net op dy leeftiid, dus foute boel. Meastal mei near eftich waar moasten jo op jo iepenst wêze.

Wrang is in baktearje, dy't oerbrocht wurdt troch miggen. As der tonger yn de loft sit, en it is benaud waar, is it gefaarlik.

Meastal wie der mar ien oplossing, in penicilinespuit holp yn 'e regel net mear. It mes, yn ús gefal de F. Herder, goed skerp, en yn ien kear it oer der ôf. Wreed? Ja, mar nei in dei as wat knapte it dier wol wer op. De boer net, dy hie it smoar yn. Trijeoeren is neat wurdich. En meastal kaam it jo bêste pinken oer.

Op de foto is te sjen hoe freeslik grut dy ûntstekking wurde koe. No soe ik noch fertelle kinne dat ik, as ik goed neitink, noch wit hoe ôfgryslik de rommel stjonkte dy't dan út sa'n jaar kaam, mar dat doch ik mar net. 

No, witte jim dat ek wer. Wrang. Net leuk.



Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen