Midlife crisis

Ik ha juster yn de kroech sitten. Dat ha je mei dy midlife figueren, dy miene dat se noch wat wolle of moatte.

Der sieten noch in stik as wat lotgenoaten, en ik ha de tocht hinne en wer werom op de fyts folbrocht. Soks mei op himsels al hast yn de krante, want hokker keardel mei in RamVan stapt no frijwillich op de fyts? No, ik dus. En it is in kloate-ein fan Drachten nei Bombats midden yn de nacht, dêr bin ik efterkaam. No ja, toe mar.

It wie dat djip út de Wâlden in fersyk op my takaam om efkes 'één (1) te proeven', oars hie ik der net oan tocht. Mar it wie tige gesellich yn Marktzicht. In jûn dêr't elpees op de draaitafel kamen. No wist ik dat net, mar jo koenen jo eigen swarte skiven meinimme. Treflik. Dus fan BZN oant The Cult, alles kaam foarby.

Ik ha de jûn trochbrocht mei in tige ferneamde plankjebespiler en syn frou. Djipsinnich praat, fansels. Dat ha jo yn de kroech. Ik neam hjir gjin nammen. Ik lit allinnich in fideo sjen. Meie jim riede mei wa't ik juster 'één (1)' preaun ha. Kin wolris wer.

Goed wykein! En jûn allegearre nei Thialf komme, Flyers tsjin Den Haach.


Reacties

  1. Ik wit it! Ik wit it! En ik ha ôfrûne moanne noch de eare hân mei dy plankjespiler te boartsjen. Uhhh te spyljen bedoel ik. It sil in waarme nacht west ha!

    BeantwoordenVerwijderen

Een reactie posten

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen