Bealch midstwa




De iene nacht is de oare net, sa 't it skynt. Dyselde dy't ik as lêste hân ha, hie om my net hoecht.

Juster kreas op tiid op bêd, nei de gearfettings fan it fuotbaljen. Neat te rêden. Acht oerkes letter komme je as in âld man fan bêd. It fielt of is de rêch my midstwa. Ferkeard lein of sa, ik wit it net.
Wat ik wol wit, is dat ik rin as in kreupele dodo, it smoar yn ha en dat it noch net better wurdt. No, moai yn 'e pronk, of net?

Hie ik dit witten, wie ik moai net op bêd gien.

Wat dan wol wer aardich is: in dame dy't ik in jier as wat net sjoen hie, sei jo tsjin my. Dat die se earder net, dus ik sei: 'Jo? Wat is der mis mei do?'
Se seach my oan. 'Mar do bist wol deselde, wat hast mei dyn hier dien...? Moai!'
Net safolle. Krollen kweekt. Dus.

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen