Grrr...

Rêstich bliuwe, net lilk wurde, oant 100 telle en wer werom, kôgje op dat stik kaugom oant datst dysels flink yn it wang biten hast en de smaak fan bloed de pipermunt ferkringet. Sa sawat hie ik it hjoed.

Op myn woeste fjildtocht dy't alle jierren wer los giet, de striid tsjin de fallende blêden, wie ik hjoed yn it moaie noarden fan Drachten te finen. Blêdblazer en sitmeaner as wapens. No ha wy dêr al jierren de gewoante om dy blêden kreas te sammelejn en op in parkearplak op in bult te lizzen. Ek it wykbehear smyt dêr syn deiopbringst del, dan komt der in frachtwein en dy nimt de boel mei. Wurket prachtich. 

Wêrom dan sa lilk? No, fanwege in grize Citroen dy't deun tsjin dy bult oan parkearre stie. Mei oare wurden, gjin plak om de bak fan de sitmeaner leech te smiten. Yn de fiere omkriten gjin auto te sjen, allinnich dy rottige Citroen. Griis.

Buorman, dy't ek yn de blêden siet, soe der midden. Hy nei de skoalle om te freegjen fan wa't dat gebakje wie. En ik mar prutse om dy blêden wat knap op dy bult te krijen.

Op in gegeven momint slaan de stoppen dan troch. Dan is der gjin lân mear mei my te besilen. En dat hat de eigner fan dy Citroen witten. Ik ha in rêch fan in lytse meter hichte om syn auto hinne delkwakt. Nochris, it hiele parkearplak leech, en dan tsjin dy bult oan parkearje. Praktysk ynsjoch? Nul komma nul.

Doe't ik klear wie, seach ik in frijwat bleek mantsje oankommen. Learen aktetaske ûnder de earm. Ik tocht: dat is em. Mist my net. Hienen jim dy kop sjoen doe't er syn leave grize Citroen stean seach, ik bin bang dat jimme hast yn de broek pisse hienen. Mei syn djoere learen lakskuontsjes hat er der wat yn omskopt, en is doe mei in spoar fan blêden efter him oan fuortriden. Ek ik mar gnize.

Mar hy docht it net wer, ek dat mist my net. Moarn set er him oan de oare ein del. Doar ik wol in literke tusken te setten.

Reacties

Een reactie posten

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen