Nij boek fan my op Sinteklaas?

Fannemoarn, Drachten. Fjouwer mannen yn donkere pakken, hege hoed yn 'e hân.

'Sis eh... it is hast Sinteklaas.'
Ik: 'Ja, en?'
'Ik wit wol in moai kado.'
'O?'
'In nij boek fan dy. Hoe liket dat?'
'Ik ha it smoardrok hân dizze simmer, hoedatsa?'
'Ja, dat sil wol, mar ik sit der op te wachtsjen!'
'No, dan kinst dy noch wol efkes deljaan.'
'O? Sa'n boekje hast yn in pear wike klear, net? Ik ha se teminsten yn twa dagen út, haha!'

Doe kaam de lykwein om 'e hoeke.   

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen