Sinteklaas

Ut Spanje wei berikte my in berjocht. Dêr gean ik no net fierder op yn, want ik tink dat ik in soad leave lêzerkes ha dy't noch yn Sinteklaas leauwe. (In Fryske skriuwer mei ek dreame, no?)

Goed, hjir en dêr begûn in lampke te baarnen, der kaam in fersyk, en doe wie it hommeles. Sjoch, sûnder no te sizzen wat der krekt oan de hân is, jo wolle in man fan dat statuer fansels net, hoe sil ik it ris sizze, te skande meitsje.

Dêrút folge de hegedrukspuit, fervekrabber en kompressor mei fervespuit. Nochris, ik sis neat oer hoe en wat, dat komt te bot oan, mar it resultaat stiet hjir ûnder. Foar en neitiid. Moai, net?









Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen