Romanfreed?

It giet der mar wer om wei op ynternet en yn de krante. Minsken dy't sizze dat it Frysk oer tsien jier te hôf brocht wurde kin, guon dy't sizze dat Fryslân allinnich yn byld komt as it komkommertiid is. Ek wurde der hurde nuten oer brek oan kwaliteit, fisy en organisaasje kreake. Miskien dat der yn it ferskaat oan bylage's ek noch wol wat stiet, mar dêr komme wy as digitale lêzers pas folle letter efter. Ahum, hint, LC!

Je wurde der oer it generaal net bliid fan, en sa heart it ek as we it oer in projekt as KH2018 ha. Frysk eigen, om sa mar te sizzen. Foardat it woartel sjitte kin de Roundup-spuit oer de bealch. Bliuwt it allegearre moai skjin en netsjes. Neat gjin wylde spruten yn ús kreas oanharke paadsje, wat soe m'n der fan sizze, no?

Oer twa dagen is de presintaasje fan myn nije roman. In Frysk boek. Hallo, gij roepende in de woestijn!!! Is daar iemand!? In pear fan de haadrolspilers yn it blijspul KH2018 steane op de list fan útnoege minsken. As ik de Omrop wie, soe ik mar komme. De sfear liket yn 't foar frijwat broeierich... Lokkich sitte we op in lokaasje dêr't daliks mei rêddraaiers en oar opsternaat folk ôfweefd wurde kin. Hoewol, it is op freed, en der is op dat plak al ris earder wat reboelje oer it Frysk west. Mmm...


 





Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen