Politike rotsakken

It binne dy lytse peareltsjes dy't it libben moai meitsje. Hjoed bygelyks, der moasten in pear stobben út de grûn by in boargerhûs. Konifear, dy woartelje net djip. Myn 585XL lake der om.

Komt de soan thús.  Mei 3-0 wûn omdat de tsjinstanner net opkaam. Ik ken de jonge, brutsen houlik spultsje. Krije se in tik fan mei. Hy seach nei dat reade meunster dat samar stobben út de grûn luts. 'Mag ik even binnen kijken?' Tige fatsoenlik, wylst er der oars wolris daliks ynhouwe wol. Ik sei nee, mar meist aanst wol in eintsje meiride. Hy stuts de hannen yn de loft. Tolve jier. Net brek oan lúkse, alles foarhannen. Mar gek op in âld International fan de buorman.

Minsken, jim hienen dy eagen sjen moatten. Se glommen. 'Ik heb nog nooit op een trekker gezeten! Hoe hard wil ie?'
Ik it gas iepen. Hy kraaide der oer. Neitiid hat er my trije kear tank sein. Hy wist noch net hokker skoalle er oan jier hinne soe. 'Speciaal onderwijs, ik kan niet tegen drukte.' Dat sei er op in trekker, mei 95 decibel oan herrie om him hinne.

Op sa'n stuit wol ik al dy folfretten rotsakken dêr yn Den Haag wol sjitte, mei harren polityk goed ûnderboude bullshit oer besunigje op passend ûnderwiis. Skamje jim, ditsoarte bern moatte goed begelaat wurde, dan is der neat mis mei. Dyselden dy't op hokker wize dan ek ferkeard gebrûk meitsje fan dat passend ûnderwiis der út filterje, en de bern dy't it echt nedich ha: stypje. Set dêr dy hânhavers mar op, ynstee fan om in hoekje stean te sjen oft mem mei in bystâns útkearing har wol oan alle regeltsjes hâldt.

Ik wol sneons wol in blokje om mei ien fan dy bern. Eins soenen al dy wize figueren út Den Haag ferplicht tsien minuten nei de eagen fan sa'n bern sjen moatte, as se mei de wyn yn it hier strieljend op in 585XL in rûntsje troch it gea ride. Sjen hoefolle lagen fel se dan noch foar de kop ha. Losers.

Reacties

  1. Tige tank. It is frustrearend hoe 't der mei dizze bern omgien wurdt. Yn ferkiezingstiid wurde se ynset om it elektoraat mei te paaien. Yn 'krisis'tiid binne se de earsten dy 't ferhûddûke wurde.
    Passend ûnderwiis soe moai wêze as it kin, mar meastal kin it net. De groepen binne te grut, de learkrêften net berekkene op bern mei in 'pluske' (of mintsje, sa 't sy it besjogge). Se binne oer en tefolle. Triuw der mar piltsjes yn en meld jimme mar by de jeugd-GGZ. Dêr dogge se dan wakker har bêst, mar fleurich wurde je der as âlders net fan. En dan ha ik noch gelok: dy fan ús hat gjin learprobleem, allinnich in gedrachsprobleem by dyjingen dy 't har net begripe kinne. En dat binne der noch al wat.
    By de taksi ha wy alle dagen in hiel soad bern yn 'e bus dy 't echt net yn it reguliere ûnderwiis meidraaie kinne. Puer om 't it reguliere ûnderwiis sa opfokt is, dat dizze bern der ûndersnije. Gun se dus harren plakje op in skoalle dy 't by harren past. Se fiele har dêr almeast hiel gelokkich. Al bliuwt it foar de measten altyd skrinen dat se 'yn it buske' moatte.

    BeantwoordenVerwijderen

Een reactie posten

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen