Famylje

No, it is yn 'e war, hear. Wy ha it lang opkeare kinnen, mar niis hie ik in fersyk om my te folgjen op twitter. Fan famylje, ja.
Miende ik dat we út in goed digibetysk laach kome, begjinne se ferdikke mei ditsoarte keunsten. Wêr moat dit hinne? Aanst mem ek noch oan de twitter? Sjoch, der binne fansels grinzen. It heechsteande literêre praat dat foaral jûns let troch de ether fljocht is net foar eltsenien, soks mei helder wêze. Mar ja, it is famylje, hoe soenen jo sa'n fersyk wegerje, no?
Miskien moatte wy mei de #famylje in skieding oanbringe. Alles mei dy (dizze dus: #) is iepenbier. De rest is foar de oaren... Kryptysk genôch? Moai.

Wat is 't oars moai waar, net?

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen