Geloksmomint

 

Je ha soms fan dy geloksmomintsjes. Niis bygelyks. Der lei in bal efter it hûs. Ik wipte it ding omheech, en hupsakee, fan de lofter op de rjochter, in kear as wat op 'e knibbel en wer fierder. 35 kear. No wit ik wol, foar de measte jongelju sil dit gjin nijs wêze. Mar foar in eks rjochtsheal yn de D1 fan Hearrefeanse Boys, yntiids fier boppe de fjirtich, wol.

Ik woe it jim net ûnthâlde. Snok...

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen