Ik is dom...

In klassiker.

Net oan draaiende dingen komme. Tink der goed om, foardatst it yn 'e gaten hast de hân der tusken. Earst dat ding út dwaan, leave, sa komme der ûngemakken fan.

Les ien wie dat. En wa hat no it topke fan de finger? Krekt. Ik miende dat er stil stie, mar it mes makke noch in pretrondje, mei as gefolch dat ik niis in lekkere 600 Ibubrofen tsjin tûkjende lichemsdielen naam ha. Foar it tikjen op de kompjûter makket it neat út, dat is dochs twa fingers net blyn. Mar de gitaar kin ik de earste dagen wol ferjitte.

Dus: net oan draaiende dingen omgrieme. Ahum...

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen