Samsung grapkes

Nuver spul. Myn Samsung hat samar betocht dat er by elts nij berjocht op Feestboek, dêr't ik ek op reagearre ha, trilje wol. Soks ha ik by myn witten net opdracht foar jûn. No sitte der in oantal freeslike nachtbrakers by dy Feestboekminsken, dat je krije gjin rêst mear. Nachts lis ik it domme ding no mar op in steapeltsje papier, dat dimpt it lawaai wat. Set him dan út, hear ik jimme sizzen. Ja, mar it duorret hast in dei foardat it apparaat opstarten is, en moarns ha ik in strak skema.
De pest is dat ik net wit hoe 'k soks wer útsette moat. Ja, mei in moker, mar dan bin ik net mear te berikken, dat is ek wer net de bedoeling.

Hat dy beursgong fan Feestboek der miskien wat mei te krijen?

Reacties

  1. Iepenje Feestboek > menu Ynstellings > en dan de opsje 'Trillen' útfinkje.

    BeantwoordenVerwijderen

Een reactie posten

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen