Straalbesopen ter tafel



'We now have the one-table situation.'

Dit sil de measten fan jim neat sizze, mar in stik as wat grif wol. Op de BBC en Eurosport stjoere se it wrâldkampioenskip snooker út. Ballen yn in gatsje pikke, soe myn beppe sein ha. Wat in drokte meitsje se dêr oer, soe se ek noch sizze kinnen ha. En dan hie se noch gelyk hân ek.

Dy Britten ha wat mei snooker. The Crucible yn Sheffield sit eltse dei stampfol mei foar it grutste part jongfolk. Apart is dat, der komt hjir gjin kop nei in partij biljerten te sjen. Hoe kin dat? It biljerten hat gjin helden. It imago is griis en âld.

Hoe oars is dat mei snooker. Jonge keardels, dy't troch yngreven promoasje in soad folgers ha. En troch it moaie, droege kommentaar fansels. Elts jier sit ik der wer op te wachtsjen. As de heale finales begjinne, ferdwynt ien fan de beide tafels. De kommentatoaren jouwe dêr alle jierren wer yn brede bewurdingen harren miening oer. It ferskil tusken ien of twa tafels.

Eartiids gie it der wolris wat woester oan ta as hjoed-de-dei. Ien fan de matsjedoaren dy't straalbesopen ter tafel kaam, ien dy't syn keu midstwa sloech. Wat dat oanbelanget is it no mar in tamme boel.  

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen