Jubileum

Hjoed ha de frou en ik 18 jier elkoars ring om de finger. Wat seit soks?

No, dat we dus noch net byelkoar wei binne, fansels. Dat is hjoed-de-dei hast in fermelding wurdich. Hie it oars moatten? Ja, wis. Weromsjen jout gjin miter, mar je hienen it no wol wat oars dien. Dy resepsje mei folk dat ik dêrnei foar it grutste part nea wer sjoen ha? Skrasse. Opfretters op útnoeging. Mar it hearde sa. Sterker, as it no noch moast, wit ik net oft ik wol trouwe woe. Dan hie myn frou har eigen namme hâlde kinnen, dy't folle moaier is as dy fan my. De Jong, no, dêr binne der nochal wat fan. Fout, hie net wêze moatten. Mar it hearde (hast fanselssprekkend) sa
En dan dat pak. Terra Mannenmode, leau ik. Net bêst. 18 jier hinget it hjir no. It sil grif net mear hielendal passe, en dy flinterstrik sit it waar yn. De jurk ha'k ek mar ien kear yn funksje sjoen. Weismiten jild. Hy stie moai hear, dêr net fan.

Hjoed komme de heiten en memmen op de kofje, ûnder melken, sa 't wy dat neame. Melke dogge se al jierren net mear, mar as je as Benjamin fan de klup 18 jier troud west binne en se komme alle fjouwer noch, is dat ek hast bysûnder. Neat te kleien, dus.

Noch ien puntsje wat dat oanbelanget: heit is juster slagge foar syn rydbewiis. In slach om It Feen hinne en hy mei wer fiif jier toere. Moai, net? Kommintaar: 'Ik tocht, wêrom soe ik dat no net helje?' No, sa.  

Reacties

  1. Lokwinske, 18 jier is in hiel skoft. Ik bin noch krekt op 10 kommen... Noflike dei tawinske. En wat de rest oanbelanget:it kostet in fermogen. Wy ha in hiel soad nei tiid ek net wer heard.Mar in machtich moai feest hant, mei it Friesland Combo. Doe 't wy nachts thúskamen spielde it, mar wy hiene in moaie neut hant en ha dus earst yn fol ornaat de hûn útlitten. In oere as trije nachts yn 'e trouwjurk troch Dronryp. Dat wiene nochris tiden.
    Mar ik soe noch mar moai efkes trochsette. Út ûnderfining kin ik dy fertelle dat skiede like djoer is as trouwe en dan hast noch net in gleske bier of in bitterbaltsje derby...

    BeantwoordenVerwijderen
  2. No tige lokwinske en in geselliche dei tawinske. By us hinget ek alles noch yn e kast. Myn eigen namme hak noch altyd. Tangenberg tja, nee dan De Vries der binne der net safolle fan.

    BeantwoordenVerwijderen
  3. Lokwinske. Wy ha moarn sa'n feestje, mar dan 13 jier langer. Ik kin my alhiel fine yn dyn stikje. It iennichste positive: moarn in gebakje by de kofje! Auck

    BeantwoordenVerwijderen
  4. 'n heel herkenbaar ferhaal. Wy binne dut jaar 42 jaar troud. Mar 't is krekt soa astou saist: ik sou 't ok nooit weer doen, hoe bêst wy 't tegaar ok hewwe. Ik hew myn aigen naam houwen en dat feministise trekky waar in 1970 nag helendal niet bekind. In 1982 kreeg ik aindelik 'n brief fan de gemeente dat myn (jarenlange) fersoek inwilligd waar. Ik had nl. in myn fersoekskrift ok melding maakt fan 't fait dat Mies Bouman ok hur aigen naam hadde, (troud met Leen Timp) en Corrie Vonk ok. (troud met Wim Kan), mar gek genog foelen de minsen dêr nooit op. De (kristlike) skoanfemily waar ok helendal op één eand en de femily bleef my deur de jaren hine mar kaarten sturen met de ferkeerde achternaam. Wij pakten 't handig an: binne in de boufak-fakânsy troud. Dus 'n hele boel gasten minder...Nooit spyt fan had.

    BeantwoordenVerwijderen
  5. Tank foar de reaksjes! Ik wie eins wol benijd oft der ek guon it folslein mei my ûniens wêze soenen. Dat soe ik wol aardich fine.

    BeantwoordenVerwijderen

Een reactie posten

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen