Ruud

Ruud hâldt der mei op.

It docht my daliks tinken oan de earste kear dat ik minsken mei triennen yn 'e eagen op in tribune sjoen ha. Wy skriuwe it Oosterenk stadion yn Swol, 1998. De earste kear dat It Feen echt in priis helle, troch yn in twastriid FC Twente te ferslaan. Ruud wie spits. Helle foar net te folle, foar grou jild ferkocht oan de klup dy't him eins tusken de fingers troch slûpe litten hie. Keapman Riemer syn safolste fyt.

Ik stie op de easttribune, njonken it Twente-folk. Doe't It Feen mei 3-1 foar kaam, waarden guon Tukkers ûnder ynfloed fan drank en drugs tige bedriigjend. Der sieten twa minsken njonken elkoar, se sille dik 70 west ha. De agresje griep harren sa oan, dat it âldminske it wetter oer de wangen rûn, har man hie in earm om har hinne. Ik sil earlik sizze dat de goal fan Ruud my net it measte die, doe't ik de horde dwazen oankommen seach. Ik bin oan de oare kant fan de frou sitten gien, as wie ik harren soan. Wy ha gjin wurd wiksele, stommegraach soe ik witte wolle wa't it west ha.
Ruud makke in goal en flybke daliks op it griene Swolske gers, dat sjoch ik noch foar my. Doe wist er al dat er ien fan de bêsten wurde soe.

De beide minsken ha 'k nea wer sjoen.

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen