Merkel

It is hjoed de dei fan Europa. No is it striemin waar, dat liket hast in blaudruk foar it sentimint oangeande de Âlde Wrâld.

Fan 'e moarn fleach der alwer in tweet van Wilders foarby, dy't dizze dei oangripe wol om de Europeeske flagge mar yn it jiskefet te smiten. De Griken ha anty Europa as útkomst fan de ferkiezings, Sarco moast yn Frankryk in fear litte. Se ha yn Brussel mar ien ding te dwaan, sjen dat de minsken oan it wurk komme, dat is elikser foar it saksearjen fan de negative teneur.

Frou Merkel hat it der mar drok mei. Yn it Frysk betsjut merkel houten of izeren stipe ûnder de lûken oer it rom fan in skip. Hoe symboalysk kin in namme wêze.

En Nederlân? Tsja. Dat moat in nij regear kieze. En der leit in falkûle. It liket no wol op in wedstriid wa't de grinzen it wiidst iepen set, om de skamte fan in pear ferlerne jierren PVV fuort te spielen. Der wie sels in klup dy't woe dat de oerheid it wurd allochtoan net mear brûke soe.

Tuskenbeide is ek romte. De polityk moat wach wêze dat it no net trochsjit, want dat hopet Wilders, dy't rêstich ôfwachtsje sil. Sa no en dan in tweet, en as de debatten aanst losbaarne, sil er mei ien as twa one-liners dy't er al mar werhellet dochs wer in grut oantal ûntefreden kiezers oan him bine wolle.

It elektoraat is net dom. Dy sjogge en lêze ek wat der yn de rest fan Europa geande is. As Brussel hjir de oplossing foar wit te finen, is dat in grutte prestaasje. It besteansrjocht fan Brussel en de delgong fan ekstreme streamingen hinget derfan ôf. In merkel ûnder de lûken, sadat it skip net folreine kin.

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen