Wraak nimme

 

Wylst yn Fryslân de earste skûtsjes al wer in wedstriid fearn ha, binne se yn Noard Amearika mei hiel oare saken dwaande. De play-offs fan de Stanley Cup sitte yn de twadde rûnde. En der hearsket yn Kanada in grêfstimming wat dat oanbelanget.

Iishockey is folkssport nûmer ien yn op ien nei grutste lân fan de wrâld. Mar der sit gjin ploech mear yn it skema. De Vancouver Canucks, foarrich jier noch finalist, waarden kânsleas oan kant fage troch Los Angeles. De Ottawa Senators ferlearen nipt fan de New York Rangers. Wat oerbliuwt is in skema mei acht teams, allegearre út de USA.

De wedstriid dy't dan opfalt is dy tusken de Phoenix Coyotes en de Nashville Predators. Illustere nammen út plakken dy't je net dakliks mei wintersporten assosjearje. Phoenix leit nota bene yn in woestyn! Om dêr iis te meitsjen moat er aardich sinnekollektoaren op de sporthal oanbrocht wurde. En Nashville? Dat is fansels muzykstêd nûmer ien.

It giet om in soad jild, de NHL. Topspilers pakke in pear miljoen yn it jier, gjin kattepis. Ien fan de tradysjes yn it Noard Amerikaanske hockey is, dat je, salang't je meidogge om de grutte priis, jo burd stean litte. It binne no fiis útsjende keardels, dy't hast fan it skerm ôf stjonke. En se binne dea yn ein, want om de twa, trije dagen spylje se in wedstriid, mei alle reizen der op ta.

Mocht Phoenix winne (se steane mei 2-0 foar) komme se grif tsjin de Los Angeles Kings te stean. Dat is yn it westen. It easten is spannender. New Jersey Devils moat tsjin Philadelphia Flyers. Dat giet echt hurd om hurd. De oare searje is ek net mislik, New York tsjin de Washington Capitals. Beide steane 1-1.

Yn Kanada kin it net gau genôch wer winter wurde. Tiid om wraak te nimmen op dy rottige Amearikanen. Dat kin simmers mei honkbal, mar echt wraak nimme wolle se op it iis.

Winterminsken, dy Kanadezen. Ik mei se wol.

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen