Heldersjende baarch

We sille der wol (hast) net omhinne kinne. It EK balskoppen. Oranje en nochris oranje. 

Daliks mar wat negatyf útein sette: Se wurde gjin kampioen. Te âld, gjin kriich genôch mear. Ik ha noch nea in âlvetal traind, mar om in ferdigening op Robben ta te rieden is net al te dreech. Hy giet nei binnen. Altyd. Juster hat er it in kear as 20 besocht, maklik te ferdigenjen. Op in pear nei ha de 'hearen' safolle jild dat de echte honger der net mear is. Kânsleas, dus.

Mar der is hoop, it kin dochst noch wol in aardich toernoai wurde. Der is nammentlik in heldersjende baarch dy't de útslaggen foarsizze sil. Knor. Wolle jimme noch mear witte? Ik net. O, ja, Dútslân wurde kampioen. Se winne fan Spanje. Klear. Is it al hast wer winter?

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen