Astma fûns

 


No't hast alle minsken fan kwizekwânsje yn de baarnende sinne op de keninginne oan it wachtsjen binne, kin ik it stikem wol efkes oer wat oars ha. Dat nije provinsjehûs ha 'k al ris sjoen.

Ha jim ek sa'n begrutsjen mei de kollektanten fan it Astma-fûns? Dy lju rinne har de fuotten ûnder it gat wei om jild te garjen foar it goede doel. No, dit jier wurdt in grut part fan dat jild goed bestege. Direkteur Michael Rutgers fertsjinnet (krijt) de fooi fan € 125.000 yn it jier. Hawar, dy man hat 80 wurknimmers, dat toe dan mar. Ik leau dat er gjin bonus pakt, dat koe ik net fine, teminsten. 

Wêr't it my om giet is dat dizze general director, sa't er himsels op Linkedin neamt, de namme fan syn toko mar ris feroarje wol. It liket de Tsjongerskâns wol. No soe de namme Astma-fûns de 'lading net mear dekke' en is yn alle wiisheid keazen foar Longfûns. Kosten fan dizze ombouwing binne troch de kollektanten ophelle, wêrfoar hulde. As jimme it yn 't foar witten hienen?

Ik wit net hoe't it mei jimme giet, mar ik bin grutbrocht mei de namme Astma-fûns. Ik wit wêr't dy klup foar stiet, wat se dogge. Wat ik net wit is, wat it foardiel fan in feroaring yn de namme fan sa'n ynstitút is. Ik krij dêr in heech Linkedin gefoel by. 'Hoantsjes-online' hienen se it better neame kinnen. Efkes in koart petearke:

'Hee, Rutger, kerel! Zit jij nog steeds bij die hoest en proestclub? Haha!' 
'Jazeker, ik ben inmiddels CEO (Chief Executive Officer).
‘Kolere, ja, ik wist het wel, die Rutger snapt het spelletje. Maar kerel, zou je die achterlijke naam niet eens veranderen? Ik bedoel: Astma fonds. Dat is we zooo 1980. Echt not done.’
‘Nou je het zegt, ik zal er maandag in the board…’
‘Rutger, Rutger… dat beslis jij zelf, moet ik je alles nog één keer uitleggen?’
‘Je hebt gelijk. Hee, we zien elkaar!’

En sa rinne al dy kollektanten dus wer in jier fergees.  
 

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen