Tendinsjeus

In part fan in artikel yn de LC fan hjoed. Lees en huiver. 

Rendement en ondernemerschap
zijn niet meer
afdoende. Agrariërs moeten ook
betrokken zijn met omgeving en
product, willen ze geld kunnen
lenen bij de Rabobank.
Dat vindt Ruud Huirne, de kersverse
directeur Agri & Food van
de Rabobank. Agrariërs die menen
dat ,,ze niks te schaften hebben
met en onverschillig staan tegenover
milieu, diergezondheid,
dierenwelzijn en maatschappelijk
draagvlak, krijgen het moeilijk
in de onderhandelingen met
de bank. Het gaat vaak om boeren
die er complottheoriën op na
houden, zo vervolgde Huirne. ,,Zo
van: zij in Den Haag willen ons
kapot maken en zij in Wageningen
(Landbouwuniversiteit) werken
ons tegen.” Boeren ook die
geen enkele affiniteit hebben met
hun afzetcoöperatie. Die hun
melk afleveren, maar niet weten
wat hun zuivelonderneming ermee
doet.” (LC)

No bin ik fan boerekomôf, en dus net hielendal objektyf, miskien.
Menear Huirne sil grif in tige kapabele man wêze, mar hat de bêste man wol troch wat boer wêze ynhâld? Hat menear Huirne wolris seis kear nachts nei in ko sjoen, dêr't de bannen fan sakke wienen, it wetter der ôf, mar it fuotpok noch net stikken? Dat je de deis dêrnei mei in knap stikje sliep temin net ûnferskillich tsjinoer alles wêze meie? Dat troch de (twongen) skaalfergrutting je it hiele jier temin sliep krije? Hat dyselde hotshot dy't grif in pear ton yn it jier ôftikket, wolris sjoen hokker steapel oerstallich papier neisjoen, byhâlden en foutleas ynfolle wurde moatte? Hat ús nije topman einliks wol ris de skonken by sa'n klant fan de Rabo ûnder de tafel hân? Wit er wat it ekonomysk betsjut as troch in net foarseine tongerbui tritich bunder skoandere kuil stronttrochwiet en dus minder streksum, nei de soademiter giet? Wit dizze man dat wol? Wit er hoe't it fielt?

Ik bin sûnt ik as jonkje in pear sinten nei de bank bringe mocht, klant by de Boereleenbank. Mar ditsoarte nije managers?
Der binne fansels altyd boeren dy't der in potsje fan meitsje. Mar dy ha je by managers ek. Yn prosinten mear as by boeren, wol ik leauwe. Dat se dêr in goed petear mei ha is neat mis mei. Mar it liket yn dit artikel wol dat de Rabo in aktivist oannaam hat. En dat wie nea earder de koers fan de Boereleenbank. Gewoanwei binne boeren tige belutsen by de natuer, mar der moat ek brea op ´e planke komme. Baas op eigen hiem binne se al lang net mear, sizzenskip yn de gedrochten dy´t allinnich fan namme noch kooperaasjes hjitte, ha se net. Dat de greiden op in gazon lykje en dat der gjin fûgel mear sit te brieden, is mei de skuld fan managers en foarljochters dy't hammeren op rendament en opbringst. Om alles by de boeren del te lizzen is fierstente maklik.

Reacties

  1. Ik woe allinnich efkes witte litte dat ik it folslein mei dy iens bin.

    BeantwoordenVerwijderen
  2. Hjir fan 't selde. Hoe faak ús heit net tryst konstatearde dat er amper noch boer wie, mar suver hast in kantoarbaan like te hawwen... de ynfiering fan molke- en strontkwotum. De minas: oan 't op 'e gram naukeurich byhâlde hoefolle at in ko fret en skyt, it helle foar heit de glâns fan syn fak ôf.
    As dy Huinre graach wol dat de boeren belutsen binne by de natoer, dan moat er yn Den Haach wêze, wêr 't se it strontriden mei in ynjekteur min of te mear ferplichte ha. Rydst ommers de hiele seadde oan stront en it grûnlibben giet der oan. Tel dêrby op dy lju fan it wetterskip, dy 't it grûnwetterpeil omtrint oan 't healwei de ierdkloat sakje litten ha en der bliuwt fan it lân gjin soademiter oer.
    De boeren moasten dochs ynvesteare? Moasten dochs grutter? Hoe soene se noch boer wêze yn 'e djipste betsjutting fan it wurd? In boer hat tsjintwurdich net iens strontresten mear yn 'e hannen te stean. Hy kin it wurk yn 'e sneinse klean hast dwaan, om 't er simpelwei amper mear yn 'e stâl komt.
    DUS!
    Sa, dat moast ik efkes kwyt. Mar gau werom nei de selsforjenner, dy 't mein in stik as tsien melke kij, in hanfol skiep en in pear hinnen en bargen syn húshâlding troch de tiid helpt en syn doarpsgenoaten oan in pear mingel molke wyks.

    BeantwoordenVerwijderen

Een reactie posten

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen