Melk de witte motor

Friesland Campina komt mei in noviteit. As jo in pak molke fan harren keapje, stiet dêr tenei in koade op. Op in webside kinne jo dêrmei útfine by hokker boer dy molke weikomt. Ja, molke komt by de boer wei, leave jonge lêzerkes. Sterker, it komt út in libben bist! Sa'n bonkerak mei in grut jaar derûnder. Fiis, no?

It liket my dat je dy koades fan de suvelreus mei in grutte kerrel sâlt nimme moatte. Ha jim dy RMO's fan hjoed-de-dei wolris sjoen? Dat binne grutte bakken, hear. En omdat de disel rottekrûd djoer is, fleane dy net mei in heale fracht nei ien fan de pear fabriken dy't noch oer binne.
Mei oare wurden, se lade dy auto's fol. En oft der no in flut molke fan boer Piet by de molke fan boer Klaas komt? It is allegearre wyt, no?

Neffens my is it net nei te gean wêr't dy molke no krekt weikomt. It sil mei in bytsje gelok fan ien fan de 5000 oansletten boeren wêze, mar garânsje? Makket ek neat út. Elts moat molke, sûpe, boerebûter en tsiis keapje. Lekker.   


Reacties

  1. No wat hast dat wer moai sein. Mar binne dy kij by jimme sa meager? Hjir op de klaai sjogge se der stikken better út as bonkerakken :-)

    BeantwoordenVerwijderen

Een reactie posten

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen