De útwedstriid, fiifde part


5

 

It is útsûnderlik sêft waar. Dat wol sizze foar Norilsk begripen. Min fiif, ein novimber, it krôket. Sergei Novokov stiet allinnich op it krúspunt fan de Ordzhonikidze strjitte en de Lenin avenue. Hy sjoch mei fernuvering nei de metamorfoaze dy’t hjir geande is.
Op it hast trije bunder grutte bouterrein binne kranen en frachtweinen yn in skildereftich palet efterlitten. It is sneon, tsjin tolven.
Sergei tinkt nei oer hoe’t it der hjir hinne lei doe’t er 20 jier tebek foar it earst dizze hoeke foarbykaam. In treasteleaze flakte, hjir en dêr in brântonne en in ferlern stik âld izer. No wurdt de lêste hân lein oan in multyfunksjoneel kompleks dat oer in jier klear en iepen wêze moat. Winkels, in swimbad mei sauna, restaurants en noch folle mear. Alles oplutsen yn bêzje stiennen, mei giele en reade strepen deryn, it liket fleurich.
Sergei sjocht nei it mânske gebou. Wat Norilsk Nikkel al net klear krije kin. Brood en spelen, it hat nea oars west. In grut part fan de Norilsk Arena, sa’t it kompleks aanst doopt wurde sil, hat no al de foarm fan in stadion. In iisstadion. Seistûzen sitplakken komme der yn. Alles nij, ek tweintich kilometer fierderop yn Kayerkan binne se dwaande it iisstadion te renovearjen. Al hoe ûnhuer de libbensomstannichheden boppe de poalsirkel ek wêze meie, sport sit djip yn it wêzen fan de minsken dy’t hjir hûsmanje.

Sergei is sa fier fuort mei de gedachten dat er de auto pas heard as er al hast njonken him is. Hy skrikt, it is deselde as dy’t er in wike lyn ek sjoen hat. De grutte wein stoppet en Sergei sjocht dat de keardel dy’t doe by de iisbaan tsjin de lantearnepeal oanline, efter it stjoer sit. Hy sjocht Sergei rjocht oan en stapt dan út. Sûnder wat te sizzen giet er njonken him stean en stoarret nei de nijbou fan de Norilsk Arena. Mei in handich gebaar toveret er in pakje Marlboro út de bûse en biedt Sergei stilswijend in peukje oan. Sergei wit net wat er der fan tinke moat, mar beslút net as earste wat te sizzen. Hy grypt syn oanstekker út de jas en mei in ûnferskillich gebaar stekt er him oerdwers.
Sa steane se in skoft yn it loftliddige te sjen, wylst de fine snie harren stadich feroaret yn wite peallen. Sergei is wat ûnrêstich, mar jout gjin krimp. ‘It begjint derop te lykjen,’ seit de man dan.
‘Grut,’ sei Sergei.
‘Mear as trije bunder. En dat op de permafrost.’
‘Jo witte der grif mear fan as my.’
‘As it my net mist bisto Sergei Novokov?’  
Sergei knypt de eagen hast ticht. Ruslân stiet bekend om syn ynljochtingetsjinst, dy’t hast alles oer guon minken wit. Tweintich jier lyn ûnearfol ûntslein út it leger sille se nea ferjitte. Hy weaget syn wurden en seit dan: ‘Wa wol dat witte?’
‘Ik.’
‘Stel jo ha gelyk?’
‘Dan ha ’k dat.’
De stilte dy’t falt duorret de rest fan de sigaret. Sergei is net fan doel om samar ja of nee te sizzen, soks hat er eartiids wol ôflear fan krigen. Hy stiet steilrjocht oerein, smookt syn peuk, sjocht de man njonken him net oan, en swijd.
‘Wolst de rest fan dyn libben ûnder de grûn wurkjen bliuwe?’ freget de man. Hy siket gjin eachkontakt, docht like ôfhâldend as Sergei.
‘Dat hinget derfan ôf.’
‘Ik ha dyn namme trochkrigen fan kunde, dy’t sei, dat mocht ik yn Norilsk immen brûke moatte, ik om Sergei Novokov sykje moast. En dat ha ik dien.’
‘By in iishockeybaantsje?’
‘Dêr ek. Ik besykje myn saken yngreven te dwaan, dêr kinst net genôch tiid yn stekke. Goed folk is der hast net.’
‘Hoe tinke jo te witten dat ik goed folk bin?’ freget Sergei. Hy hat gjin idee wêr’t dit petear hinne gean sil, mar hy stiet hjir no dochs, dus bliuwt er mar stean.   
‘Lit dat mar oan my oer. Belangstelling?’
Sergei hat wol yn ’e gaten dat dit figuer net it measte kwyt wol foardat er wit wat er oan Sergei hat. Sergei stiet yn dubio. Yn de fierte koarje de skoarstiennen fan de Norilsk Nikkelfabriken harren fersmoargjende reek de loft yn. Hjir stiet er, op in bouplak, mei in folslein ûnbekende keardel neist him dy’t wit wa’t er is en it leit foar de hân dat er ek wit wêr’t er weikomt, wat er dien hat en hoe’t er hjir yn Norilsk telâne kaam is.
It sjit troch Sergei hinne dat er grif ek wit wa’t Layka en Wayne binne, wêr oft se wenje, wat er yn de moanne fertsjinnet, hoe’t er mei syn kollega’s omgiet, wa’t syn freonen binne en oft er wol as net in hûn hat. It aura om de keardel hinne, de koele wize fan praten, it to the point wêzen. Sergei betinkt dat er samar ris neist in tige gefaarlike man stean kin, dy’t eins gjin nee hearre wol. ‘Binne jo hastich?’ freget er.   
‘Ik sykje goed personeel. Bin ik dan teplak?’
‘Mei ik earst mei myn frou...’
‘Nee. Better fan net.’
‘Okee, helder.’ Sergei wit dat er tsjin dizze man gjin nee sizze sil. De konsekwinsjes dêrfan binne net te oersjen. 

(De linkjes nei de earste fjouwer parten steane yn de bloch fan juster. © Ferdinand de Jong, Boarnburgum)

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen