De keapsnein, wol of net, PvdA?

Grutte stikken op de sosjale media dizze wike en de wiken dêr foar. De Christen Unie wol sa lang as it harren slagget de keapsneinen yn Smellingerlân tsjinhâlde.

Lit ik foarop sizze dat ik persoanlik neutraal bin. Wy komme fan in pleats, dus dêr moasten sneons en sneins de kij ek molken en fersoarge wurde. Wurkje omdat it gewoan moat. Yn de soarch, de horeka, it tafersjoch, der binne in soad plakken dêr't folkontinú wurke wurde moat. Wol moat ik der oan taheakje dat heit nea op snein meande, skodde of swile en wy (myn broer en ik) dus ek net. Wy soargen dat de brot op sneon oan kant wie en moandei wie der wer in dei. Kwestje fan planne.

Der sit wat in nuvere kant oan it ferhaal fan de keapsnein. En ik bin der net rjocht achterkaam hoe't de polityk dit no wer útlizze wol, want op in fraach oan de PvdA wethâlder fan de gemeente Smellingerlân kaam gjin antwurd. Neffens my is dy partij der eins ek wat mei oan, as jo it my freegje.

Op 23 desimber 1960, dus al in moai skoft lyn, is as ien fan de grutste oerwinnings fan de arbeidersbeweging de frije sneon goedkard. Einliks in wurkwike fan 40 oeren en seis jier letter as yn de USA helderheid oer de frije sneon.
Net mear op sneontemoarn oan de slach, mar frij. De frije sneon wie hillich. Neffens my steane de 'reade' partijen dêr fan it begjin ôf efter. De A yn PvdA, no?

Yn it wykein, dat fan doe ôf út twa dagen bestie, koe sporten wurde, rekreaasje bedreaun, de arbeidersklasse hie in ynhaalslach fan komsa makke.

Wy skriuwe ein 2014 en der liket in omkearde beweging oan de gong te wêzen. Jan en alleman ropt en raast dat se in keapsnein ha wolle. Nochris, it makket my net út, mar ik begryp it net. Ha alle foarstanners dan net troch dat der dan in leger minsken wer op dy frije sneon en snein oan it wurk moatte? Sjoch, ik ken in pear ûndernimmers. Ik bin sels ZZPer. Om jim earlik te sizzen hear ik by dy lytse selstannigen oars net as hel en verdoemenis as se it oer in keapsnein ha, Want dan komt it der dus op del dat omdat in pear pretkopers, sa as ik se mar neam, op snein net witte wat se útfrette moatte en dus mar in claim lizze op dy lytse ûndernimmers om de toko iepen te smiten?

Hoe sosjaal is dat, hearen en dames fan de reade partijen?

Want jim tinke dochs net dat al dy lytse motorkes fan de ekonomy it betelje kinne om der dan mar personeel op nei te hâlden? Nee, bêste politisi en roppers en razers fan de keapsneinen, dy lytse winkeliers wrotte der seis dagen yn de wike tsjinoan om sneins de boekhâlding dwaan te kinnen. Dat is de realiteit. Dy minsken binne sneins kapot. Wurch. Witte jim noch wat dat is? Wurch fan it wurk en net fan de sportskoalle?

En jim wolle dat se de winkel iepen dogge en op dy snein foar nul sinten oan it wurk gean? Want dêr komt it foar de measten dan op del. De grutte bedriuwen sille it miskien wol sa beboekhâlde kinne dat se der wat 17 jierrigen mei 20 jier ûnderfining yn harren winkel sette, mar de lytsen, dy't troch de logestike situaasje yn guon winkelsentra min ofte mear twongen wurde om mei iepen te gean omdat harren negoasje oars foar it meinimmen leit. Ha jim dêr wolris oan tocht?

Nochris, is dat wol sosjaal? Tsjin de Christen Unie lekskoaie dat se saken opkeare, mar sels minsken op de frije sneon en snein oan it wurk jeie. Lekker maklik, hear.

Je sille mar lytse winkelier wêze, sûnder personeel. Jo hâlde krekt de holle boppe wetter, wurkje jo in slach yn de rûnte en dan komme de dwazen dy't jo min ofte mear ferplichtsje om sân dagen yn de wike oan it wurk te gean.

Je soenen der hast fan op de Christen Unie stemmen gean...

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen