De bear dy't it net helle hat...

Krekt út it sicht fan de skippers op de rivier rûn er lâns de râne fan de bosk. De sinne liet him lang sjen yn de iere simmer boppe de poalsirkel en dat koe er wol brûke. Tidens de trenings hie it winter west, min fjirtich en hast de hiele dei tsjuster. Mar no stie it kwik op in graad as wat ûnder nul, dat wie út te hâlden. Soms hearde er lûden fan omfallende beammen, dan wie er op syn iepenst. Hjir en dêr kaam in paad út by de rivier en sleepten grouwe hynders beammen nei de wâl. De bisten waarden beriden troch lytse linige keardels mei in Aziatysk uterlik en dy stjoerden it spul de goede kant op. ‘Fêst famylje fan Attila de Hun,’ mompele er. Hy wist fan de wredens fan de folken en soarge dat er út it sicht bleau.
Nei in oere rinnen rjochte er syn beheinde sliepplak yn. Yn ’e koarte nacht dy’t folge, foel in skot. Jan skeat oerein en harke skerp nei de lûden. Hy skatte yn dat se in foech kilometer noardeastlik wei kamen.
Hy koe twa dingen dwaan, wol of net sjen wat der oan de hân wie. De nijsgjirrichheid wûn it fan it mooglike gefaar en hy slûpte troch de tichte strûken yn de rjochting fan de lûde stimmen. It die bliken dat der, net fier fan wêr’t hy lei, in kamp wie fan it folk dat yn it hout wurke. Hoeden krûpte er nei in plak dat sicht joech op it kamp. Hy seach dat in ploechje mannen dwaande wie in jonge bear dy’t se sketten hienen, de jas út te dwaan. De grûn kleure read fan it bloed. It folk wie oerémis. Doe’t se it fel fan it fleis ôf hienen makken se in grut fjoer en smieten it fleis yn de flammen, krekt as woenen de alle spoaren útwiskje. In stik as wat keardels holden de omjouwing yn ’e gaten. ‘Jim binne benaud...!’ flitse troch Jan hinne.
Fluch makke er him út de fuotten en graaide syn bepakking yn ’e loop mei. Nei in pear oeren rinnen krige er it gefoel dat er folge waard. Net dat er wat seach of hearde, mar de gedachte liet him net los. Doe’t it begûn te ljochtsjen klom er yn in beam en wachte ôf. Nei in set die bliken dat de sintugen him net bedondere hienen. In mânske bear waggele ûnder de beam del en stoppe in meter as wat fierder.
‘Hjir hâldt it spoar op âlde!’ tocht er en ornearre dat de sketten bear wolris it jong fan dizze knaap wêze koe. Hy weage de mooglikheden tsjin elkoar ôf. De bear wie ynearsten net fan doel om fierder. Nei in skoft krige it bist Jan syn rook yn ’e noas. Hy sette de foarpoaten tsjin de beam en balte dat it sta sei. Jan seach om ûntwyk.
De bear makke sa’n leven, dat se it op de rivier wol hearre koenen en dat wie no krekt net de bedoeling. Hy krige it pistoal, draaide de dimper der op en skeat de bear troch de kop. Mei in piipjend lûd sakke de reus op de grûn. It bloed rûn him út ’e bek. Jan wie de ynstrukteur tankber foar al de oeren dy’t er op de sjitbaan trochbrocht hie.
‘No as de bliksem hjirwei!’

Healwei de dei helle in skip him yn. Der stienen in man as seis yn unifoarm op. Se eagen mei kikers de wâl del. Jan gie achter in rots lizzen en seach it skip nei. Nei in lange dei en in nacht sûnder sliep wie er der wol ridlik fan oertsjûge dat nimmen oer lân achter him oan kaam, mar de boat mei unifoarmen joech him wol wat soarch.
‘Hawar, ik ha de bear sketten, litte sy de hûd mar ferkeapje,’ ornearre Jan.
Mei’t er oer in hichte hinne kaam, lei Igarka foar him. 

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen