OBS De Finneblom

Je witte dat it komme sil, mar dochs. Juster wie in dei dêr't in stikje fan ús libben ôfsletten waard. De bern binne no fan de basisskoalle en sitte yn Drachten op it Lyceum. Dat is in normaal proses, mar it hâldt wol yn dat jo as âlders ek fan de basisskoalle binne. Want der is gjin luzekontrôle mear. Ik hoech Sinteklaas net mear yn myn grûnbakje nei skoalle te bringen. Gjin musical mear. Gjin 10 minuten petearkes mei de juffers en master mear. Jo sitte middeis mei de frou oan tafel, de bern fytse net mear om 12.10 it hiem op.

It is net sentimenteel, mar dochs slute je in stikje ôf. Wy wienen mâl mei de OBS De Finneblom út Boarnburgum. En binne dat fansels noch, mar fan no ôf fan in distânsje. Juster wie myn ôfskied fan de MR, de meisizzenskipsried. Ik mocht dêr in jier as wat yn de 'oudergeleding' sitte en ha dat mei in soad aardichheid dien. Je komme tichtby it team en de direkteur te stean en fiele sa 'de oare kant' ek better oan. Earlik sein wie it de lêste jierren gewoan in feest om diel fan dy trein út te meitsjen. Want de skoalle hat grutte stappen omheech dien. Sûnt dit jier mei De Finneblom him sertifisearre Daltonskoalle neame en der sit in soad elan yn it jonge team. Net fierder fertelle, oars wurde se eigenwiis. :-)

De direkteur, anneks geiteboer, anneks foarsitter fan ferienings, anneks lekkere iter en drinker, anneks hartstikkene aardige keardel nimt hast tagelyk ôfskie. De proseduere foar beneaming fan syn opfolger wie it lêste item dêr't wy ús as MR drok mei dwaande holden ha, mar ek dat liket goed te slagjen, de nije direkteur is bekend. Sterker, se hat juster al yn de kunde komme kinnen mei it jierlikse uitje fan de MR. Miskien dat se har no noch wolris op de kop klauwe sil... Nee, dat liket echt wol goed te kommen. Sukses!






Reacties

  1. Kleine kinderen worden groot,een oud maar bekent gezegde wat U zeker kent.
    Ook op de nieuwe school mag je meepraten.

    BeantwoordenVerwijderen

Een reactie posten

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen