Rektifikaasje

Ole Einar Bjoerndalen. 
Omdat de Ljouwerter Krante it net docht.  

De grutste en meast suksesfolle atleet dy't ea oan wintersport dien hat is tafallich in biatleet. Spitich foar Nederlân, net in reedrider, mar in biatleet. Berne yn 1974 yn Drammen, Noarwegen. Syn namme is Ole Einar Bjoerndalen. Of op syn Noarsk: Ole Einar Bjørndalen. Se skriuwe it op meardere wizen. Syn bynammen binne The King of Biathlon, mar mear ta de ferbylding sprekt: De Kannibaal.

Dizze sportheld is yn it besit fan 10 gouden en talleaze sulveren en brûnzen Olympyske medailles en is dêrmei de suksesfolste wintersporter ea. Ik leau dat er ek in kear as 20 wrâldkampioen west hat. In ikoan út de biatlonsport. Sûnt 1994 op it heechste nivo en yn it seizoen 2014/2015 op 40 jierrige leeftyd noch sa freeslik goed dat er mei de bêsten mei kin.

Nea op doping betrape. Mei ik dat yn de ferrotte wrâld fan fytsen en oare anabole sporten ek efkes opmerke? 20 jier lang troch snoeihurd te trainen op iensume hichte kaam. Want wês der wis fan dat biatlon in ferhipte swiere sport is.

Elts minske hat syn ôfwikings. Biatlon is ien fan my. Fêste lêzers fan Stikelstekker witte dat. De prachtige bylden fan winterske lânskippen en de tige drege kombinaasje fan langlaufen en nei dy ynspanning suver op in sjitskiif sjitte hat my al jierren yn de besnijing. As der dan in werklik moaie foto yn de Ljouwerter krante komt dêr't Ole Einar Bjoerndalen op it earste plak stiet te sjitten njonken de nije topper yn de bialtlonsport, Martin Fourcade út Frankryk, fyn ik dat moai.

Mar it koarte ferslach dat by dy foto stie docht dêr dan wer ôfbreuk oan. 'Uiteindelijk won hij' skriuwt de Ljouwerter krante oer Bjoerndalen. It stikje gie oer de 12.5 kilometer efterfolging.
Dy wedstriid waard mei oermacht wûn troch Martin Fourcade. Bjoerndalen wie wol goed, mar eindige as 12e. Yn de earste WB wedstriid fan it jier yn Ostersund wie Fourcade oppermachtich, hy wûn ek de sprint.


It ûnderskrift yn de LC tsjûget fan min op de hichte wêze mei de matearje. Dat fertsjinnet de grutste wintersporter fan alle tiden net. Sorry, Ole. Se dogge hjir oan preamkeskowen...

Reacties

  1. Ben blij met de beter te lezen column,die ik altijd met veel plezier lees.Vroeger vond ik de Friese kranten, als de Friese Koerier en de Leeuwarde Courant hele prettige bladen om te lezen.Vooral de hoofdredacteuren van de Friese Koerier,Fedde Schurer en Laurens ten Cate waren heel erg goed.Maar de LC vind ik de laatste jaren hardhollend achteruitgaan.

    BeantwoordenVerwijderen

Een reactie posten

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen