Rektifikaasje
Ole Einar Bjoerndalen. |
Omdat de Ljouwerter Krante it net docht.
De grutste en meast suksesfolle atleet dy't ea oan wintersport dien hat is tafallich in biatleet. Spitich foar Nederlân, net in reedrider,
mar in biatleet. Berne yn 1974 yn Drammen, Noarwegen. Syn namme is Ole Einar
Bjoerndalen. Of op syn Noarsk: Ole Einar
Bjørndalen. Se skriuwe it op meardere wizen. Syn bynammen binne The King of
Biathlon, mar mear ta de ferbylding sprekt: De Kannibaal.
Dizze sportheld is yn it besit fan 10 gouden en
talleaze sulveren en brûnzen Olympyske medailles en is dêrmei de suksesfolste
wintersporter ea. Ik leau dat er ek in kear as 20 wrâldkampioen west hat. In
ikoan út de biatlonsport. Sûnt 1994 op it heechste nivo en yn it seizoen
2014/2015 op 40 jierrige leeftyd noch sa freeslik goed dat er mei de bêsten mei
kin.
Nea op doping betrape. Mei ik dat yn de ferrotte
wrâld fan fytsen en oare anabole sporten ek efkes opmerke? 20 jier lang troch
snoeihurd te trainen op iensume hichte kaam. Want wês der wis fan dat biatlon
in ferhipte swiere sport is.
Elts minske hat syn ôfwikings. Biatlon
is ien fan my. Fêste lêzers fan Stikelstekker witte dat. De prachtige bylden
fan winterske lânskippen en de tige drege kombinaasje fan langlaufen en nei dy
ynspanning suver op in sjitskiif sjitte hat my al jierren yn de besnijing. As der
dan in werklik moaie foto yn de Ljouwerter krante komt dêr't Ole Einar
Bjoerndalen op it earste plak stiet te sjitten njonken de nije topper yn de
bialtlonsport, Martin Fourcade út Frankryk, fyn ik dat moai.
Mar it koarte ferslach dat by dy foto stie docht
dêr dan wer ôfbreuk oan. 'Uiteindelijk won hij' skriuwt de Ljouwerter krante
oer Bjoerndalen. It stikje gie oer de 12.5 kilometer efterfolging.
Dy wedstriid waard mei oermacht wûn troch Martin
Fourcade. Bjoerndalen wie wol goed, mar eindige as 12e. Yn de earste WB
wedstriid fan it jier yn Ostersund wie Fourcade oppermachtich, hy wûn ek de
sprint.
It ûnderskrift yn de LC tsjûget fan min op de
hichte wêze mei de matearje. Dat fertsjinnet de grutste wintersporter fan alle
tiden net. Sorry, Ole. Se dogge hjir oan preamkeskowen...
Ben blij met de beter te lezen column,die ik altijd met veel plezier lees.Vroeger vond ik de Friese kranten, als de Friese Koerier en de Leeuwarde Courant hele prettige bladen om te lezen.Vooral de hoofdredacteuren van de Friese Koerier,Fedde Schurer en Laurens ten Cate waren heel erg goed.Maar de LC vind ik de laatste jaren hardhollend achteruitgaan.
BeantwoordenVerwijderen