De kryst fan Auke



'Dat der in Flaming komme moat om te sizzen dat we de taal yn stân hâlde kinne troch dy tsjin ús bern te praten...' Auke sjocht oer de taap nei de barfrou. In jier as 30, net ûnkreas. Hy tinkt oan wat thús op him wachtet. Syn twadde lis, besteande út in frijwat huorrich typke dêr't er yn in bline bui fan ferstânsferbjustering syn frou mei ferruile. En twa altyd snotterige bern dy't net doge wolle en der troch mem net op wiisd wurde dat se harren eigen snotkoker skjinmeitsje moatte. It binne syn eigen net iens... Dêrtsjinoer stiet inkel in altyd djip dekolletee. Te djip om sjyk te wêzen en te ûndjip om sjyk te wêzen. It is it krekt net. Mei't de jierren ferstrike kin er it al mar minder ferneare. Dy goedkeape permanint, dy oerdied oan reade lippestift op in al mar âlder wurdende kop. Lêstendeis kaam er syn eks tsjin. 'Do grutte omkoal, dit droeget aardich better op as dat wat as't thús sitten hast,' ferwiet er himsels yn stilte.
'Auke is 51 wurden, dat ha wy oars noch net kinne fernimme,' lekskoait Mark mei in byhearrend gebaar dat it efteroerslaan fan in glês drinken foarstelle moat.
'Praat do earst mar gewoan, jup,' byt Auke him ta.
'No, de fleur nimt net ta op lettere leeftyd, fernim ik wol,' seit Mark en draait Auke de rêch ta.
Dat dogge mear minsken de lêste tiid. Auke is drok dwaande himsels yn in isolemint te kommunisearjen troch dat kommunisearjen no krekt net te dwaan op in wize dêr 't oaren fan fine dat it de muoite wurdich is om der op te reagearjen. Miskien moat er gewoan út de stêd wei en yn in doarp yn in krimpregio opnij begjinne. Dat soe dan de safolste kear wurde. 'Lang libje de Sintrale As en de Heak om Ljouwert,' seit er heallûd.
'Mar net mear jaan, Auke hat syn taks wol hân,' seit Mark sûnder him om te draaien. Auke reagearret net. Hy leit in bryfke fan 20 euro op de taap en pandert nei bûten. In foar de tiid fan it jier te waarme wyn fermong mei storein makket de gloppe dêr't de kroech yn sit noch mistreastiger as dat er dat gewoanwei al is. Auke sjocht om him hinne en rint nei de mei grize stiennen befluorre winkelstrjitte. Hy sjocht op syn mobile telefoan. Trije meldings fan Facebook, in pushberjocht fan de Omrop oer eat dat him totaal net ynteressearret en de melding dat trije twitterfolgers in tweet fan boargemaster Fred Strautmann oer maatregels oangeande oerlêst hânhavenjen retweeten ha. Hy wol der op reagearje, mar de storein makket it betsjinjen fan it skerm fan syn smartphone ûnmooglik. Hy stoarret nei it mei tsjinsten fan 16 oeren of langer makke elektroanyske wûnderke. Nu.nl meldet dat Boko Haram wer in grut oantal jonge famkes ûntfierd hat. Auke triuwt mei syn tomme op it knopke, it ljocht yn de telefoan giet út.   
Dan knikt er en springt yn it swarte wetter fan de grêft.  

      

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen