Partisipaasjekoekoeksklok

In skoft lyn moasten wy ôfskie nimme fan ús koekoeksklok. It ding woe net mear rinne of koekoek sizze. Neffens my hie er 30 jier de tiid oanjûn. Dan ha jo in plak oan de muorre dêr't jo sa no en dan nei sjogge, mar net oantreffe dat wat jo dêr ha wolle. In klok. Wy moatte mei de tiid mei, op ús waarstasjon en op de digitale display fan de ûne kinne jo binnen 2 meter 2 kear de tiid besjen, jo ha in klokje om de pols, in mobile telefoan mei dêrop ek in klok, mar dat is gewoan net itselde. Jo misse jo koekoeksklok. It fêste ankerpunt yn de keuken. Lokkich is der it fenomeen Sinteklaas. Dy kaam dit jier mei in geweldich moai kado op de proppen. In echte koekoeksklok. In partisipaasjekoekoeksklok om krekt te wêzen. Want jo moatte him sels yninoar knutselje. Der sit in echt oerwurkje by dat de tiid oanjout, mei in net meilevere batterij bringe jo it gehiel ta libben. Ik wol hjirby Sinteklaas tige tank sizze foar dit presintsje. It lege plak oan de muorre, dêr't yn de koekoeksklokleaze perioade fan alles hong hat, is wer yn syn âlde gloarje werom. Mei in nijerwetske koekoeksklok. Ien minpuntsje moat al neamd wurde, de koekoek skynt mei fakânsje te wêzen. Hy docht de bek net iepen. Mar foar it oare bin ik der tige bliid mei. Tank, Sinteklaas!  

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen