dinsdag 30 december 2014

De NIJB en marketing

It iishockey (fanôf no neame wy it mar gewoan hockey) yn Nederlân kin wol wat ekstra oandacht brûke. Sûnt de dielname oan de Olympyske Spullen yn Lake Placid, no al wer sawat 35 jier lyn, is de sport wol wer ris ta oan in positive ympuls. Jierrenlang spile de sport him ôf, sûnderdat it grutte publyk der mei yn oanrekking kaam. Dat hie ûnderoare mei in gebrek oan mediabelangstelling te krijen. It hat net folle doel om âlde kij út de sleat te heljen, dus dogge wy dat ek mar net. 

Nederlân is yn Westeuropa hast it iennichste lân dêr't net in bloeiende hockeykompetysje bestiet. Yn prinsipe binne der klups genôch, as je de earste en earedivyzje besjogge komme je best ta in akseptabel oantal foar in moaie, brede kompetysje. 

Ja, dy De Jong kin moai eamelje, hear ik jim tinken. Yn Ingelân dogge se oan rugby, cricket en fuotbal, dêr ha se noch nea fan hockey op iis heard... No, dan tinke jim moai ferkeard. Sels yn Ingelân ha se in prima kompetysje dêr't aardich folk op ôf komt. Wedstriden mei 4000 man op de tribune is dêr echt gjin útsûndering. 
Nederlân is drok dwaande himsels te isolearjen mei de fiksaasje op it reedriden. Sjoch op de sites yn oare lannen en jo witte dat reedriden foar de minsken bûten NL hast folslein en allinnich bestiet út shorttrack. Net in wûnder dat de foarsitter fan gewest Fryslân feroarings trochfiere wol om de langebaansport oantrekliker te meitsjen. 

De fraach liket relevant oft yn oare lannen dy needsaak ek field wurdt. 

Frou Pechstein, dy't, op in foar in fisyk swiere topsport bejaarde leeftyd, noch Dútsk kampioen wurdt, it seit wat oer de oanwaaks. Ik ha der hielendal gjin beswier tsjin dat Nederlân ien kear yn de fjouwer jier in sekfol gouden, sulveren en brûnzen plakken hellet, mar dêr lykje guon beliedsmakkers by it IOC ek al wat oars oer te tinken. 

Earlik sein is it folslein net realistysk om te tinken dat Nederlân him dan mar op koarte termyn op it hockey rjochtsje moatte soe as it giet om it heljen fan Olympysk sukses. Dy kâns wie der 35 jier lyn, mar it ferskil yn kwaliteit fan kompetysjes yn Europa en de Nederlânske is dusdanich grut wurden dat soks in lange termyn ferhaal wurde sil. Der sil gearwurke wurde moatte, want der is gjin blik Kanadezen mei in Nederlânsk paspoart mear. 

Opliede is it biedwurd. Je kinne it ek negatyf sizze: Nederlân hat de boat mist.     

Mei It Hearrenfean, Grins, Geleen, Amsterdam, Dordrecht, Den Haag, Eindhoven, Tilburg, Nijmegen, Zoetermeer en Den Bosch ha je al in moaie rige. Eins soenen Utrecht, Ljouwert, Assen. Leiden en Rotterdam der ek noch by kinne en miskien ferjit ik wol ien. 
Twa divyzjes, ien yn it noarden en easten mei 8 teams en ien yn it súden. Soks soe it regionale rivaliteitsgefoel ek stimulearje. In pot tsjin in lykweardich Grins is foar It Feen folle better as in reis nei Brabân of Limburg. Der kinne supporters mei foar net al te folle sinten en it is te beriden. 

De Unis Flyers en de Destil Trappers út Tilburg ha harren neffens ferwachting pleatst foar de bekerfinale. Dy sil op 11-01-2015 yn Eindhoven spile wurde. Moai affysje, de beide grutste teams tsjin elkoar. Wolle jo dêr hinne, moatte jo in ein ride en ta de beurs, mar dêroer aanst mear.  

Om de sport mear bekendheid te jaan, binne in oantal minsken drok dwaande mei it live útstjoeren fan wedstriden. Sportsbroadcasting streamt yn HD kwaliteit de thúswedstriden fan de Flyers, mei kommentaar, petearen en it hiele pakket der by. Soks dogge se yn Dútslân en Eastenryk ek. Hat dat gefolgen foar it oantal besikers? Nee. As je de statestiken fan dy klups dêr besjogge is dat net it gefal. De supporters komme foar de sfear en in mei-elkoar gefoel nei in stadion. De stream is der as service, as mearwearde. 

De bekerfinale yn Eindhoven soe ek troch de manlju en froulju fan Sportsbroadcasting op it www streamd wurde. Heger nivo wedstriid kinne jo yn Nederlân net fine, dus in moai stikje reklame foar de sport. 

Sa like it alteast. 

Want de kaartferkeap falt tsjin. En dus hat it iishockeybûn, de NIJB, yn al har wiisheid besletten om de stream te ferbieden. Mei as gefolch dat it lytse ploegje minsken dat dochs al fan doel wie om nei de finale ta te gean wer as iennichste tsjûge wêze sil fan in hooplik machtige pot hockey. De minsken dy't om hokker reden dan ek net komme koenen mar as alternatyf keazen om dan mar efter it kompjûterskerm te krûpen, ha pech. Omdat de kaartferkeap tsjinfalt. Dus ek minsken dy't troch sûnensklachten net mear nei in stadion komme kinne, wurde troch de NIJB bûtenspul setten. 

Dat is dochs net mear fan dizze tiid, NIJB. 

Wy sille al nei Eindhoven ta. Mei man, frou en twa bern. Witte jo wat ús dat kostet? €121.00. Dat binne de keale kaartsjes. Dan moatte wy de reis der noch efkes by rekkenje en ha wy noch net in spui yn de bek hân. Soe dat ek in drompel wêze dy't troch de NIJB opsmiten is? Sorry, mar ik kin my yntinke dat it foar in protte hûshâldings in soad jild is. Sjoch nei de fuotbalstadions dy't lang net mear fol sitte. Soks hat in reden, en dy is mear en faker as jo tinke: jild relatearre.

De Nederlandse IJshockey Bond soe soargje moatte dat dy toko yn Eindhoven oan de nok ta fol sit. Om reklame te meitsjen foar de sport. Dan mar gjin winst, mar wol belangstelling. Dat is op termyn folle wichtiger. Soks snappe se dus by it langebaanriden wol.

Want wat krije se no, dy bestjoerders fan de NIJB? No, as ik baas fan Sportsbroadcasting wie, wist ik it wol. Ik soe in skeaclaim yntsjinje. En net in lytse. Per saldo hat de NIJB dan op de finaledei in healfol stadion, in finansjele strop en gjin online taskôgers dy't entûsjast wurde foar de sport. 

Fertel my no ris wat se dêr by de NIJB mei winne wolle?  

Nederlandse vertaling: 

Het ijshockey (vanaf nu noemen we het maar gewoon hockey) in Nederland kan wel wat extra aandacht gebruiken. Sinds de deelname aan de Olympische Spelen in Lake Placid, nu al weer bijna 35 jaar geleden, is de sport wel weer eens toe aan een positieve impuls. Jarenlang speelde de sport zich af, zonder dat het grote publiek er mee in aanraking kwam. Dat had onder andere met een gebrek aan mediabelangstelling te maken. Het heeft niet veel zin om oude koeien uit de sloot te halen, dus doen we dat ook maar niet.

Nederland is in West-Europa bijna het enige land waar niet een bloeiende hockeycompetitie bestaat. In principe zijn er clubs genoeg, als je de eerste en eredivisie bekijkt kom je op een acceptabel aantal voor een mooie, brede competitie.

Ja, die De Jong kan mooi zeuren, hoor ik jullie denken. In Engeland doen ze aan rugby, cricket en voetbal, daar hebben ze nog nooit van hockey op ijs gehoord... Nou, dat denken jullie mooi verkeerd. Zelfs in Engeland heb je een prima competitie waar redelijk veel publiek op af komt. Wedstrijden met 4000 man op de tribune is er echt geen uitzondering.
Nederland is druk bezig zich te isoleren met de fixatie op het schaatsen. Kijk op de sites in andere landen en je weet dat schaatsen voor de mensen buiten NL eigenlijk compleet en alleen bestaat uit shorttrack. Geen wonder dat de voorzitter van gewest Fryslân veranderingen wil doorvoeren om de langebaansport aantrekkelijker te maken.

De vraag lijkt relevant of die noodzaak in andere landen ook wordt gevoeld.

Mevrouw Pechstein, die, op een bejaardenleeftijd voor een fysiek zware topsport nog Duits kampioen wordt, het zegt wat over de aanwas. Ik heb er helemaal geen bezwaar tegen dat Nederland één keer in de vier jaar een zakvol gouden, zilveren en bronzen plakken haalt, maar daar lijken sommige beleidsmakers bij het IOC ook al wat anders over te denken.

Eerlijk gezegd is het compleet niet realistisch om te denken dat Nederland zich dan maar op korte termijn op het hockey zou moeten richten als het gaat om het halen van Olympisch succes. Die kans was er 35 jaar geleden, maar het verschil in kwaliteit van competities in Europa en de Nederlandse is dusdanig groot geworden dat zoiets een lange termijn verhaal worden zal. Er zal samengewerkt moeten worden, want er is geen blik Canadezen met een Nederlands paspoort meer.

Opleiden is het devies. Je kunt het ook negatief zeggen: Nederland heeft de boot gemist.

Met Heerenveen, Groningen, Geleen, Amsterdam, Dordrecht, Den Haag, Eindhoven, Tilburg, Nijmegen, Zoetermeer en Den Bosch heeft men al een mooie serie. Eigenlijk zouden Utrecht, Leeuwarden, Assen, Leiden en Rotterdam er ook nog bij kunt en misschien vergeet ik wel één.
Twee divisies, één in het noorden en oosten met 8 teams en één in het zuiden. Zoiets zou het regionale rivaliteitgevoel ook stimuleren. Een pot tegen een gelijkwaardig Groningen is voor Heerenveen veel beter dan een reis naar Brabant of Limburg. Er kunnen supporters meereizen voor niet al te veel geld en het is qua afstand te doen.

De Unis Flyers en de Destil Trappers uit Tilburg hebben zich volgens de verwachtingen geplaatst voor de bekerfinale. Die zal op 11-01-2015 in Eindhoven gespeeld worden. Mooi affiche, de beide grootste teams tegen elkaar. Wilt u er heen, moet u een eind rijden en mag u uw portemonnee omkeren, maar daarover later meer.

Om de sport meer bekendheid te geven, is een aantal mensen druk bezig met het live uitzenden van wedstrijden. Sportsbroadcasting streamt in HD kwaliteit de thuiswedstrijden van de Flyers, met commentaar, gesprekken en het hele pakket er bij. Zoiets doen ze in Duitsland en Oostenrijk ook. Heeft dat gevolgen voor het aantal bezoekers? Nee. Als je de statistieken van die clubs  bekijkt is dat niet het geval. De supporters komen voor de sfeer en het kameraadschapgevoel naar een stadion. De stream is er als service, als meerwaarde.

De bekerfinale in Eindhoven zou ook door de mannen en vrouwen van Sportsbroadcasting op het www gestreamd worden. Hoger niveau wedstrijd kunt u in Nederland niet vinden, dus een mooi stukje reclame voor de sport.

Zo leek het tenminste.

Want de kaartverkoop valt tegen. En dus heeft de ijshockeybond, de NIJB, in al haar wijsheid besloten om de stream te verbieden. Met als gevolg dat het kleine ploegje mensen dat toch al van plan was om naar de finale te gaan weer als enige getuige zal zijn van een hopelijk machtig mooie pot hockey. De mensen die om welke reden dan ook niet konden komen maar als alternatief kozen om dan maar achter het computerscherm te kruipen, hebben pech. Omdat de kaartverkoop tegenvalt. Dus ook mensen die door gezondheidklachten niet meer naar een stadion kunnen komen, worden door de NIJB buitenspel gezet.

Dat is toch niet meer van deze tijd, NIJB.

Wij gaan wel naar Eindhoven. Met man, vrouw en twee kinderen. Weet u wat onze dat kost? €121.00. Dat zijn de kale kaartjes. Dan moeten we de reis er nog even bij rekenen en hebben we nog niet eens kop koffie gehad. Zou dat ook een drempel zijn die door de NIJB opgeworpen is? Sorry, maar ik kan mij voorstellen dat het voor veel gezinnen veel geld is. Kijk naar de voetbalstadions die lang niet meer vol zitten. Zoiets heeft een reden, en die is meer en vaker als u denkt: geld gerelateerd.

De Nederlandse IJshockey Bond zou ervoor moeten zorgen dat die toko in Eindhoven aan de nok toe vol zit. Om reclame te maken voor de sport. Dan maar geen winst, maar wel belangstelling. Dat is op termijn veel belangrijker. Zoiets snappen ze dus bij het langebaanschaatsen wel.

Want wat krijgen ze nu, die bestuurders van de NIJB? Nou, als ik baas van Sportsbroadcasting was, wist ik het wel. Ik zou een schadeclaim indienen. En niet een kleine. Per saldo heeft de NIJB dan op de finaledag een stadion dat voor de helft is gevuld, een financiële strop en geen online toeschouwers die enthousiast worden voor de sport.

Vertel mij nu eens wat ze hier bij de NIJB mee willen winnen? 


  







3 opmerkingen:

  1. Bin it hielendal mei boppesteande iens. Sa wurd in prachtige sport om sjippe holpen!

    BeantwoordenVerwijderen
  2. Mooi verhaal helmaal mee eens.

    BeantwoordenVerwijderen