Say tsiis!

Ja, it bloch hat in nij kleurke. De redaksje fan Stikelstekker krige in reaksje út Hollân fan in fêste lêzer, dy't syn beklach die oer de blauwe eftergrûn. Dy soe min te lêzen wêze. Fansels passe wy dan daliks de lay-out oan, want Stikelstekker is der om lêzen te wurden.

No, der is genôch om oer by te praten. Sille wy der mar efkes rap bydel? Al te lang jammerje hat gjin doel, mar wat is it oanloklik. Sis no sels:

1: Wat te tinken fan de heisa oer wynmûnen. Dizze wike yn de Corner, it blêd fan SC Hearrenfean, sille jim in oare miening lêze kinne. Fan in wynboer en eks fuotballer. Dus.

2: En der skine nije staveringsregels oan te kommen. Nu, die zijn hier in de Wouden aan dovemansoren gericht, wij redden er zelf wel mee. Van boven af heeft nog nooit gewerkt, een muurtje metsel je van onderen op, heren en dames van de Fryske Akademy. Bovendien heeft het schoondere Fries niet het meeste met het Hollands, maar meer weg van het Engels. Say tsiis!

3: Noch sa'n hot nijsitem: De Hoofdplaats is no út it suden wei allinnich noch oer in skiterich 50km yn it oere dykje te berikken. Mei stopljochten, in ferskynsel út ein 1990. 'It het nooit wat weest...' Foar in soad minsken noch in reden ekstra om der sa min mooglik te kommen, de winkellju yn de regionale kearnen wriuwe harren al yn de hannen. Biedwurden: Fergees parkearje foar de doar, no nonsense en klantfreonlik op berikbere ôfstân. Ik sjoch grutte kânsen foar Stiens, Burgum, Surhústerfean, De Gordyk en sels plakken as Beetstersweach.

4: Ach, hoe leaf. De haadredakteur fan de Ljouwerter krante kundiget sels it ferdwinen fan syn produkt mar oan. Hy spartelt noch wat tsjin mei in papieren krante op sneon, mar it aai is lein en dêr sitte de advertearders, sponsors en abonnees no op te brieden. Noch in pear jier dan is it grutske Hoofdblad sûnt 1752 net mear. As de haadredakteur sels de holle der symboalysk al bydel leit, is it wachtsjen op de lêste papieren krante mei in oersjoch fan alles dat der yn stien hat. Yn it Hollânsk, fansels. Want Frysk is net goed foar de oplage, wylst de krante op it plattelân lêzen wurdt. No ja, logysk dochs?

5: Dan is it foar de Omrop dus ek saak om goed op syn tellen te passen, want yn in nij op te rjochtsjen Frysk media platfoarm (kotswurd) soe de krante ek in plakje krije moatte.

6: It nijs leit op de digitale snelwei. Dêr streame aanst (no al!) ek wichtige sportwedstriden. Dêr binne de handige marketingjonges en famkes mei dwaande. Dêr sitte aanst grutte bedriuwen om harren produkten oan te priizjen. Mar ja, it is Fryslân, it bêste lân fan de ierde, dus tuike tuike, jonges. Earst mar wer tariede op de talleaze nijjiersresepsjes. Dreech hear, sa'n pommerantelibben. Yn april begjinne we wolris wer mei nei te tinken, as it trochrinnende delirium útwurke is.

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen