Facebook en Twitter as graadmeter

De brûkers fan sosjale netwurken binne ynkoarten foar de Bank of England in graadmeter om yn te
spyljen op kommende ekonomyske ups and downs.

Lês dy sin noch in kear en betink dan dat it gjin grap is. Binne jim der noch? It stiet hjir te lêzen.

Mei alle respekt hear, mar twitter en facebook meie dan grut wêze, it gros fan wat der op stiet liket my net bepalend foar hoe't de wrâld der oer tsien jier útsjen sil. Fansels binne der minsken dy't miene dat de echte wrâld him op de sosjale netwurken ôfspilet. En miskien is dat skrikbyld sa stadichoan ek wol tichterby as dat je wolle moatte soenen. Dat wol net sizze dat wy as wrâld der dan per definysje better op wurde. Sûnder kwalifikaasjes te jaan oan wat der online ferskynt, mar is dat no echt in graadmeter om de ekonomy te foarsizzen en belied op te meitsjen? En dat troch in ynstituut as The Bank of England, dy't der in wurkgroep op los litte sil.

Lokkich mar, miskien komme dy noch ta it ynsjoch dat de selfie fan in minister op wurkbesite neat seit oer de kwaliteit fan wat se mei in helm op de holle oan it besjen is. Mar ik bin bang fan net.

Wêr't je dan bang foar wêze moatte? Noch mear hapsnap belied. Noch minder duiding. Noch minder tiid foar refleksje.
En as je it polityk besjogge: Noch faker op it skermke fan de smartphone sjen om te betinken hoe't je it ferbliuw op it plús ferlinge kinne. Yn ien kabinetsperioade saken der troch jasse wolle dy't folle mear tiid nedich ha, omdat se it op facebook en twitter sizze... De Earste Keamer mar omsile wolle omdat je je sin net krije.

It kontakt tusken polityk en elektoraat is wol wat op oan te merken, mar litte besluten oer elemintêre saken asjeblyft net basearre wêze op it skellen, roppen en razen op de sosjale netwurken.

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen