De Tjongerschans, in Gouden Plak

Der wurdt in soad praten oer de soarch. Dit is net goed, dêr is wat op oan te merken. Dat sil allegearre wol sa wêze, mar tafallich ha wy de lêste tiid wat mear mei de soarch te krijen as winslik en dêrom dit skriuwen.

As der immen opnaam wurde moat yn in sikehûs is dat ferfelend, mar je meie der fan út gean dat se dan op it goede plak lizze. As it thús efkes net mear kin, binne je bliid dat der in foarsjenning is dy't de 24 oers soarchtaak efkes oernimme kin. Wy binne fan hûs út rjochte op It Feen, sikehûs De Tjongerschans.

It sil sa wêze dat der in soad mis is yn de soarch. Te min dit, tefolle dat. Mar mei ik ek ris in grut applaus freegje foar al dy helden en heldinnen dy't alle dagen de pasjinten begeliede, waskje, iten en drinken jouwe en alles dogge om harren tiid yn it hospitaal kwalitatyf sa goed mooglik te meitsjen? Yn de ôfrûne wiken ha wy fernaam dat der noch gewoan echte oandacht foar pasjinten is, oandacht fan gewoane minsken. Gjin maatpakken, mar wite klean. In praatsje, in reprimande as dat nedich is, mar altyd mei in glimke.

Ik kin allinnich mar sizze dat it personeel dêr't wy mei te krijen hienen, in geweldige yndruk efterlitten hat. In lústerjend ear, in goed plan fan oanpak by ûnslach en de tiid dêrnei en net om de kant hinne lulle. Prima. Altyd berikber en minslik.

Sjappoo foar de susters en broeders yn De Tjongerschans. Heit wie net allinnich yn in Gouden Plak, hy hie der ek ien.

Reacties

  1. Moai om te lêzen, dat it ek sa kin! Yn dizze tiid fan besunigings ensafh.
    Wy hawwe ek goede ûnderfinings mei dit sikehûs.

    BeantwoordenVerwijderen

Een reactie posten

Populaire posts van deze blog

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen

'Skip the cow'