In posityf bloch, omdat it kin

Wat is it libben doch moai, net? Je soenen der hast spontaan fan begjinne te sjongen as je bûtendoar komme. Werklik wier, de snieklokjes komme ek al wer boppe de grûn. In foarboade fan de maitiid, dêr't we allegearre sa nei longerje (snik). De kâlde, lange winter mei no wol wer fuortgean. Der is suver neat dat ús yn de wei sit. De rêch wat nofliker as juster, de aaien yn de briedmasine dy't nije wike útkomme kinne Wat is it in feest om alles meimeitsje te meien. Ek de dagen wurde al wer langer, ha jim dat wol fernaam? Sa lokkich kin in minske dêr fan wurde. En de grutte wrâld is fier fuort. Alle boaze berjochtsjes? Ach, it sil wol. Snein komt boer zoekt vrouw der wer op, en de rest is bysaak. Der is echt neat dêr't wy ús drok om hoege te meitsjen, want alles giet moai troch, sels al witte je net wat der oan de hân is. No, moai dochs? Hearlik.

Niis noch! Sa aardich mei immen stien te praten, it wie in lust. Gjin wankklank heard, allinnich mar oer it moaie waar praten. Wat wol in minske noch mear? Sjoch nei de fûgeltsjes, sa moai as se dat pindanetsje leech ite. Is it net in pracht? Mei dy snie der by is it suver in kaartsje datst op de bus dwaan kinst. Groeten uit Friesland. Gjin soargen oer de dei fan moarn. It is hjoed hjoed, wat der moarn barre sil wit net ien en dat is mar goed ek. Dus fleurich op mei gieltsje, de kat hat jongen.

En foaral net logysk neitinke. Je soenen ris pine yn de holle krije kinne.





Reacties

Populaire posts van deze blog

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen

'Skip the cow'