Dodenrit met wonderbaarlijke genezing

Fan hús út ha wy meikrigen dat we grut betrouwen yn in oantal saken ha moatte. Ien fan de
spearpunten wie de International Harverster Company. It ikoanyske logo sil jim grif bekend foarkomme. Sjoch, der wienen eartiids boeren dy't klassifisearre waarden oan de trekkers dêr't se mei wurken. Je hienen Fendt boeren, dy wienen meastal CAF relatearre, je hienen Ford boeren, mar wy hearden by de Cormick boeren. Want International hjitte earder McCormick, noch earder Farmall en ek Deering.

Hoe dan ek, der wie in soarte fan distânsje tusken dizze trekker bloedgroepen. Meastal wienen de boeren o sa merktrou. In Ford boer soe net gau in International oanskaffe en Fendt boeren wienen de patsers, want Fendt wie it djoerste merk. 

Ik ha gjin tatoeaazje. Wol ik ek net ha, want as je 80 wurde meie is dat gjin fersiering mear op dat hingjende fel, mar elts dy't it wol hat is my prima. Hie ik earttids in tattoo sette litten, hie de kâns grut west dat it it logo fan International wurden wie. Sa djip siet dy leafde. No binne je wat âlder en prakkesearje je dêr net mear oer.     

Myn histoarje mei de McCormick is lang. Wy kochten âlde typkes op, sa as de D214, D219 en knapten dy op. Motoarysk en optysk. Sa ha ik dus it fervespuitsjen leard. En skjirjen mei waterproof skjirpapier. As it wurkstik dan goed rûn, kreas yn de lak en knap op de bannen stie, wie it in plaatsje gelyk. Oare restaurateurs wienen der sa goed yn dat de trekkers moaier wienen as doe't se út de showroom kamen. Moaier as nij. En dan wer ferkeapje om der in pear sinten oan oer te hâlden. Oan de lûden te hearren falt dat lêste hjoed de dei net mear ta. 

Ik ha in 585XL mei 'fluistercabine'. Dat wol sizze dat je droech sitte en mei wat gelok docht de kachel it ek noch. De boeren fan no laitsje om sa'n trekkerke, mar foar my is it in grutte, sterke masine. Wol mear as 60 hynders sterk. Tsjinwurdich binne de boeren mear ekonomysk dwaande as dat se harren drok meitsje oer in merk. Ik sjoch Fendt boeren op in New Holland riden. Soks wie earder ûnbesteanber. 

Myn XL hat net folle te dwaan, mar hy hat wol it moaiste plakje. Droech ûnder dak yn de skuorre. In auto mei bûten stean, myn trekker sil soks net oerkomme. Lêstendeis krige er wat krupjes. Net rjocht halich. Wat muoite om op toeren te bliuwen. Myn broer, dy't folle mear fan dat ark ôf wit, stelde út dat der in APK plakfine moast. Dan dogge jo dat, want jo âldere, wize broer wit hoe't it sit. En dus, twa nije brânstoffilters fan de firma Van de Molen út Nijskoat, in pear liter nije oalje en dêr tufte it saakje wer hinne. As nij. 

No wol it gafal dat der zowaar snie foel hjir yn de Wâlden. Net in meter, mar dochs sjogge jo daliks it wurk foar jo AKP klearmakke 585XL. Snieskowe!!! Of better sein, grutte jonges bliuwe lytse bern, want it is de baas dy't der aardichheid oan hat, de trekker is in dea ding.

De overal oan, de snieskower der foar en hupsakee. Mei in reade kop yn de snie boartsje. Wa wol dat no net. No, myn 585XL net. Hy joech wer oan dat er slim lêst hie. Sterker, hy joech de geast. Op it Súd fan Drachten. Dêr stean jo dan. De doppe al fan de tenk, mei in stok peile, mar der siet ek noch wol fiif streep diesel yn. Nuver. Broer mar wer belle. Op ôfstân in diagnose stelle falt net ta, mar ik hie ien fan de weinige heldere mominten. 'Hoe heech sit de opfierpomp boppe it leechste peil fan de tenk?' frege ik. No, dêr moast sels myn broer it antwurd op skuldich bliuwe. Ik ek. mar hawar, de frou kaam der oan mei in fatsoenlike peilstok, en wy kamen op 5cm diesel yn de tenk. Doe mar nei de BP oan de Hegewei en in kannefol diesel yn de koffer. Fansels gjin trachter, mar ik ha it measte fan de 30 liter der yn griemd. 

Dan moatte jo dus sjen oft de pomp wol diesel krijt. Dus soe der by de filters in boutsje los moatte. Steksleutel? Ja, krekt as de Dútsers. Thús. 
De wetterpomptange brocht útkomst. Op myn 585XL sit in hânmjittich pompke dêr't jo út de tenk wei diesel rjochting silinders pompe kinne. Nei in minút soe ik de striid hast opjaan. Der kaam neat.  dochs noch efkes trochsette en ja. Diesel. Oare kant ek noch in bout loswotten en ek dêr kaam brânstof foar it ljocht. 

Doe waard it spannend. Soe er... Ja. Fansels. In trekker kin der neat oan dwaan dat syn baas sa dom is om net genôch jaaiem yn de tenk te dwaan. It leit oan de baas, Net oan de International Harvester 585XL. Die is net stikken te krijen en docht it altyd. As de baas der mar op tiid diesel yn smyt...

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen