Lichte VVD'ers?

'...zoals lichte VVD’ers en teleurgestelde CDA’ers. De sociaal conservatieve stroming kan ook voor conservatief rechtse mensen en PVV’ers interessant zijn.'

Sitaat fan frou Sap. De nije Femke sis mar. It ferskil is dat Femke moaie krollen yn it hier hat en sy net. Lichte VVD'ers, wat foar folk soe dát wêze? Teloarstelde CDA'ers binne der nochal wat, mar lichte VVD'ers? Se ha sûnt wit ik hoe lang in premier levere, dat ik tink dat foar no Rutte de kikkerts wol yn de kroade hâlde kin. As je it sitaat lêze wurdt Grien lofts fierút de grutste partij, se sûget de rjochterkant folslein leech. Opportún gejeuzel fan ien dy't noch net wit hoe't it wurket? We sille it sjen, ik bin benijd hoefolle lichte VVD'ers út de kast komme, en hoe as dy der útsjogge. Ik ha it al op google besocht, mar oant no ta is der gjin ôfbylding fan te finen. Spannend.

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen