Realisme.

Hjir en dêr komt it besef nei it oerflak dat it betelle fuotbal net op dizze foet fierder kin. Lokkich mar, it sil oars moatte. Sels yn de 'grutte' kompetysjes sil binnen in jier as wat de sjippebel ploffe, dat kin net oars en it moat ek. Klups dy't mei 50 of 80 miljoen yn it read noch altyd bestean en ek noch spilers fan wrâldnivo oankeapje kinne binne it bêste foarbyld fan ûnearlike konkurrinsje.
Ofhinklik fan de korrupsje yn dy lannen sil de Uefa en yn mindere mate de Fifa yngripe moatte, wol de sektor ea wer sûn wurde. Snotjonkjes út de efterbuerten fan Liverpool dy't trije ton (!!!) yn de wike fertsjinje, of moat ik sizze krije, want dat fertsjinnet net in minske, sille omstean leare moatte. Pas as de fuotbalwrâld ynsjocht dat de hearen ek mar gewoan oan it wurk binne sil der in omslach komme. Dat soe de stadions ek wer folkrije, want der binne in soad minsken dy't it spultsje wol aardich fine, mar net mear komme omdat se it smoar yn ha oer de grouwelige bedragen dy't de profs yn de moanne byskriuwe kinne. En mei rjocht.
Yn dat ljocht is is skande dat de Fifa skamteleas foar de sinten keazen hat by de tewizing fan de wk's, dat is in teken dat dêr ek noch wol it ien en oar feroarje moat wol dy organisaasje wer mei beide fuotten op de grûn stean. De lannen mei safolle sinten binne in kear op, en wêr moat it wk dan oarganisearre wurde? Om en om yn it midden easten en Ruslân? Krekt as mei de formule 1 is de sjeu der dan gau ôf, as it al net sa fier is.

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen