It soe kinne.

Ik soe wat sizze kinne oer it karbidsjitten yn Ternaard,
ik soe wat sizze kinne oer de plysjesteat Nederlân dy't stadichoan foarm kriget,
ik soe wat sizze kinne oer Wilders dy't de keninginne te kak set,
ik soe wat sizze kinne oer Wilders dy't Cohen te kak set,
ik soe wat sizze kinne oer Cohen dy't Wilders op de fingers tikke,
ik soe wat sizze kinne oer in premier dy't net wit wat er mei de rotsoai oan moat,
ik soe wat sizze kinne oer ús Dútske paus of syn Belgyske biskoppen,
ik soe wat sizze kinne oer berneopfang,
ik soe wat sizze kinne oer Tibet,
ik soe wat sizze kinne oer Hugh Hefner,
ik soe wat sizze kinne oer it oantal kearen dat der mei de pin betelle is,
ik soe wat sizze kinne oer in feestje fan de gemeente Smellingerlân (sis mar net Drachten) op ús kosten,
ik soe wat sizze kinne oer in manifestaasje dy't fansels wer yn Amsterdam hâlden wurdt,
ik soe wat sizze kinne oer dy ynbrekker mei krystspyt,
ik soe sels wat oer Wesley en Yolanthe sizze kinne,
samar wat brike dingen efterelkoar. Je soenen oeral wat oer sizze kinne, mar lokkich is der riden op de televyzje, dat is altyd noch better dan al te folle nei de wrâld sjen, want as je dat dogge komt it krystiten der der oan de ferkearde kant út, en dat stjonkt sa.

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen