Rudolf.

Milieubewust as we binne tocht ik, kom doch es wat geks. Dus no ha we Rudolf. In troch in ljochtsnoer foarme rindier. Ik ha him boppe-op it sket montearre, dat as it skimerich wurdt set Rudolf de saak yn it ljocht. Hy hat ek noch wat ekstra's , Rudolf syn kop giet hinne en wer. Dat wie in opsje by de oankeap, mei as sûnder beweegbere kop. No is it krekt ien mei slow motion Parkinson, Rudolf hat neffens syn bewegings net folle op mei de wrâld. Allinnich mar nee skodzje.
Hy is om koart te sizzen freeslik, kitsch en net om oan te sjen. Machtich!
O ja, de knibbel is wer klear! 

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen