Stekwurden.

No, dat wie my wat juster. Oer de hiele wrâld ha se it stikje oer lichte VVD´ers lêzen. Kroaasje, Ruslân en the US of A, folle en net mear. Soe it komme omdat der yn cyberspace socht wurdt op stekwurden? Juster kaam google deryn foar. Stel no dat ik FBI, CIA, Poetin, Obama, Queen Elizabeth, KGB, Knillis en noch wat fan datsoarte wurden opskriuw? Soenen der dan yn Langley Virginia reade ljochtsjes begjinne te baarnen?
Ik hâld jim op de hichte, as it al sa is, sjoch ik foar Fryske skriuwers in gat yn de merke. Smyt der wat ynternasjonale kreten tuskentroch en foardat je it witte praat de heale wrâld deroer.

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen