2011 en de Javaanske Jonges.

It wie my it jier wol. Twitterje, blogge, pinge, Facebook, ik wit net iens hoe't it allegearre hjit. En fansels myn earste roman, dat wie wol hiel bysûnder. Mei Riek en de hearen fan Ferbean op paad, dat hie ik in jier as wat lyn net tinke kinnen. En tusken de bedriuwen troch ek noch skriuwe, foarsafier't it woe troch alle drokte.
2011? Sjogge we wol, ien ding is wis, alteast neffens in dûmny út Drachten, we binne jûn nei tolve oere oan de lêste 25 jier begûn.
Sukses dermei soe ik sizze! 25 kear 365 is 9125 dagen. Soe ik no noch ophâlde moatte mei smoken? Of soe it te weagjen wêze en doch mar wat troch? As ik Orlando in kear tsjinkom sil ik it him freegje.

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen