Te min!

Ja, it sâlt is (hast) op. Hoe yn de frede kin dat no sizze jim, ha se dan neat leard fan ferline jier? Ik sil jim sizze hoe't it kin dat it sâlt (hast) op is.
We skriuwe begjin 2010, einliks is de snie fuort. In stik as wat hotemetoten dy't deroer gean sitte noflik op in goed ferwaarme kantoar, fuortsakke yn ergonomysk ferantwurde stuollen. 'No Piebe, dit wie my it winterke wol, net?'
'Ja, ja. dat komt fuort net wer jong!'
'Mar hoe moat it mei it sâlt?'
'Kalm bliuwe, ik ha de statistiken der op neisjoen, dit wie ien kear yn de tsien jier ofsa.'
'En dus?'
'Dus ha we it wol in jier as wat oan tiid om de foarried wer op peil te krijen.'
'Mar stel no...'
'Net tefolle neitinke jong, de statistiken lige net, sa dogge we it. Kofje?'
'Ja, lekker. Mar...'

Sa komt it dat we (hast) in tekoart oan sâlt ha.

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen