Net klikke.

'Do meist net klikke!' Op de legere skoalle wie dat in gouden regel. Ien dy't klikte wie in loser, in leffert en in waardeloas sújet. Tsjinwurdich wurde we troch de oerheid stimulearre om dy buorjonge dy't in brantsje stookt derby te lappen. Is dat no in goede ûntjouwing? Eartiids wie de plysje der om as der wat ferkeard gie de saak op te lossen. No is dat oars. Ik kin my in gefal foar de geast krije wêrby't in famke ferdwûn. Nei in dei as wat rûn it bern it buro yn Roermond yn. Dêr hie de plysje neat oan dien. Mar it waard troch in wurdfierder wol brocht as hie de hermandat de saak oplost. No net dus. As it bern net troch dy doar kaam wie? Ik wit it net.
No ha we boargernet, Amber alert, twitteraksjes en wat net mear. We ferwurde ta klikspanen. Ik wit wol, as der wat slims oan de hân is is eltse help dy't je krije kinne wolkom, mar dochs. It sil de nije tiid wêze, mar ik wit noch dat dyjinge dy't doarde te sizzen dat der in pear knapen efter it fytshok in bolknak oan it smoken wienen, dêr goed lêst mei krige. Soe it der wat mei te meitsjen ha dat we steeds yndividualistysker wurde? Men kent men net mear. Wat kin it de man trije hûzen fierder skele as er de jonge oanjout dy't tig kear mei in lawaaibrommer by him deljaget. Doe't men men noch wol koe, waard dat oars oplost. We kapselje ús yn ús eigen lytse wrâldsje yn. Oft boargernet no goed of net goed is, allinnich oan josels tinke is dat perfoast net.  

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen