Nachts fuotbalje?

Okee, it is helder. Wa hat de measte sinten, dy kriget it WK. Fan de FIFA, in organisaasje dy't seit dat it WK har ienichste boarne fan ynkommen is, kin ik dat wol begripe. Mar sis dat dan ek gewoan. Lit dy oare lannen net in jier as wat foar joker rinne en tinke dat se in kâns meitsje. Doe´t Poetin him oppenearre wie it al klear. Hoefolle kostet it, dêr bied ik noch de helte oerhinne, dat moat genôch wêze, fynst ek net Sepp? En doe de sek mei dollars út Qatar noch, de FIFA wie stjerrende bliid mei dizze klanten.
Mar minsken, ik wol net spytgnyskje, mar witte jim wol dat it better is as ús jonges harren net pleatse foar dat potsje balskoppen yn dy sânbak? Dêr komme ûngemakken fan. As it my net mist spylje se dat yn juli, augustus, en de gemiddelde kwikhichte yn Qatar om dy tiid is, taaadaaa 42 graden, mei útsjitters boppe de 50!!!
Dêr kriget sels in kamiel de hik fan.

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen