Mark of Geert?

Och heden, no wol de earste keamer Mark derby helje. Se hienen better Geert útnoegje kinnen, want dy hie harren fertelle kinnen wêrom't se gjin alternatyf fine wolle foar de BTW plannen op kaartsjes foar kultuer. Geert hie dan sein: ik ha de lêste wiken al genôch oer my hinne krigen, en dit is in slach ûnder de gurdle dy't ik al sa lang útdiele wollen ha, dêr komme jim net oan, steltsje âlde deminte senators.
As Geert hjir ek noch foar omlizzen giet kin er better mar wer yn de opposysjebankjes sitten gean. Hy kin net oars as no de poat stiif hâlde, al falt it heale kulturele wrâldsje ek oer him hinne. Gesichtsferlies is by minsken yn publike funksjes blykber not done, better is: trochdramme mei de wittenskip dat it einliks nearne op slacht. Rûnom binne de foarbylden te sjen. En as it net oars kin? Liich der mar in ein hinne, as it útkomt kinne je altyd noch sizze dat de 'ferpakking net goed wie', om in deputearre te sitearjen. En dan rêstich de fjouwer jier folmeitsje. Soenen jim ris dwaan moatte, nee, dat kin allinnich yn de polityk. Fiis spultsje. 

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen