Gjin publyk. De wrâld neffens Drs. H. Zijlstra.

Gjin publyk? Gjin sinten. Is dy Halbe Zijlstra net in Fries? Easterwâlde, dat is op de kaart noch Fryslân, dêr is er berne. Like âld as my, mar in hiel oar idee oer de wrâld. Sil earder wol bot narre wêze ofsa. Hawar, as we it belied fan de regearing trochlûke binne der in soad saken dy´t faai steane. Om ien foarbyld te neamen:
Fergaderingen fan de twadde keamer, sjocht gjin hûn nei, ophâlde mei it beteljen fan oerstallige praatsiike minsken mei mienskipsjild dus. Dat is dochs wat se wolle?
Of om like dom te praten as hy docht: help oan earme lannen, fuort mei ôphâlde, is gjin publykslûker. Ik ha noch nea sjoen dat der op prime time in show oer in wetterput yn Somalie op de tv wie. Stopje mei dy flauwekul, it lûkt gjin minsken.
Noch ien, bakken mei jild stekke yn in jachtfleantúch. Ophâlde, daliks. We meie net iens yn de fabryk komme wêr´t se dat ding yninoar sleutelje. Gjin publyk? Gjin sinten. Net myn wurden, Halbe sines.
Wêr is dan noch wol jild foar? Asfalt. No, as ik deis op de dyk bin, binne der net folle minsken dy´t dêr nei sjogge, se ride der allinnich mar oerhinne. As it treft ha se ek noch wat each foar de oaren op de dyk, mar ek dat hâld meastentiids net oer.
Zijlstra, in romrofte namme yn de polityk, mar dy hienen oare foarnammen. Halbe hoege we oant no ta net al te grutsk op te wêzen as Friezen.

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen