Dissidint.

As leafhawwer fan de winter ha ik der soms wat muoite mei. We ha in dissidint yn it hok. Sytske, ús sanegeit fan sawat 20 jier âld is perfoast gjin foarstanner fan dit waar. Juster seach se my sa tryst oan, wylst ik mei in stokbôle nei har ûnderweis wie. It is nammentlik sa dat Sytske gjin kiezzen mear hat. Ek hast gjin tosken by the way. Mar, sy rêd har wonderwel op in dieet fan âlde bôle, fergees beskikber steld troch de pleatslike Fryske Bakkerij. Dat, mei in kilo A-brok is al in jier as wat har fêste iten. Mei de skilen fan de earpels en de resten fan slaat en koal derop ta. Wjerkôgje slagget net mear, mar it skynt dat it bist yn ien libben evaluearre is, it kin blykber ek sûnder. Darwin soe der jaloersk op wêze. Mar om Sytske mei de winter wol oer wêze, dat kin ik oan de hiele kop wol sjen.
It is noch mar heal desimber, se sil efkes geduld ha moatte. Of dea gean. Mar dat ha ik har ferbean.

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen