Ferbiningen.

Hè, dat wie my efkes skrikke! De hotline mei de server lei der út. Gjin tillefoan, gjin Nieuwsuur, gjin ynternet, en dat flak foar de krystdagen. Net bêst. Nei in oere beljen mei in knaap yn it callsintrum fan de UPC kamen we ta de konklúsje dat der mar in monteur komme moast. Nije wike freed, op âldjiersdei, ien oere de middeis, dan koe it heve. Wat is der mis mei moarn, tocht ik noch, mar sa wurket it dus net. Mar ik bin dwers, dat nei in oantal keunstgrepen floepte my de iGoogle startside der wer foar. No de monteur noch ôfbelje, mar dat kin nije wike noch wol. Freed mar, tocht ik sa. In oere as tôlve?
Wol aardich dat nei fjouwer kear it modem opnij opstarten te hawwen de ferbining gâns rapper is, elk nadeel...

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen