John Jorritsma en Roelof de Vries yn 4G

Neffens my wurket der in Fries by Vodafone. Alteast, immen dy't Frysk lêze kin en/of wol. Dat is yn dizze tige yntolerante wrâld al in grut wûnder. Juster frege ik my samar ôf wannear't it 4G netwurk fan Vodafone yn Drachten en omkriten wurkje soe. Je ha soms fan dy gedachten.
Yn It Feen en Ljouwert wurket it al. Foar guon dy't net witte wat 4G is: Dat is in sterk ferbettere mobyl netwurk dat as foardiel hat dat jo tige fluch ynternette kinne op jo Samsung of iPhone. Ik ha my fertelle litten dat guon providers yn Drachten ek al up and running binne, mar Vodafone noch net. Doe't ik mei de @vodafoneNL (fansels yn it Frysk) twittere wannear't dat heve soe, krige ik samar berjocht werom. Dochs bysûnder. As alles goed giet, soe it neffens de dekkingskaart op de side van Vodafone yn july klear wêze moatte.

Dus krekt op tiid foar it skûtsjesilen. Dat is moai. Yn dat ramt woe ik útstelle om ferslachjouwer Roelof de Vries ta te heakjen oan dy silerij. En ek by de PC, it konkoers yn Bûtenpost, it FK fierljeppen yn Winsum, alle netwurkbyienkomsten, bobo-feestjes en oare gelegenheden dêr't kommissaris fan de kening John Jorritsma oanwêzich mient wêze te moatten, om him alle kearen deselde fraach te stellen: 'Wat dogge jo hjir?'
Dat smyt moaie radio op, boppedat is it tige learsum foar it gewoane folk. Bring de polityk nei de minsken, freegje harren wat se dogge en wêrom. Dat soarget foar begryp oan alle kanten.
Dan moat de persoanlike coach fan ús kommissaris him noch al efkes yndruie dat er net sa stikelich reagearje moat, dat wurket dan wer averjochts. Ek de terminology mei sinskonstruksjes lykas 'Lit se mar...' as it oer jo Fryske ûnderdanen giet is not done, John. Net wer dwaan. Wês in oanfierder foar it Fryske folk. Besykje it. It is dreech, mar as Roelof it jo alle wiken wer freget, kinne wy der ynkoarten provinsjebreed yn 4G fan genietsje hoe midden-yn de Mienskip jo steane. In ferbiner, de heit fan Fryslân. Sukses! 
  

Reacties

Een reactie posten

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen