Samsom, Pechtold en Plasterk yn 4G

 No moatst ris hearre, ju...
En ja hear, dêr wie it al safier. Wy binne fan no ôf bedutsen ûnder in 4G tekken. Dat wol sizze dat wy ultra fluch konfrontearre wurde kinne mei alle piip, plop, tik en wit ik hokker lûden dy't dy Samsung fan my makket as der wer wat ultra wichtichs op it ynternet bart. Vodafone hat dus wiermakke dat wat se tasein hienen. Treflik, en in pear moannen earder as yn de plenning stie. Ik krige op twitter sels in berjochtsje yn it Frysk werom fan Vodafone. In wûnder.

Dy flugge ferbinings ha ek in kearside. Sa kinne jo dan op de hichte bliuwe fan slaande deilis tusken twa foaroanmannen yn de Haagske polityk. It skom op de bek, de fûsten balle yn de bûsen en nearne oars op út as elkoars bloed drinke, sa wreed gie it der omwei. Alles fêstlein troch de flugge ferbinings, mooglik makke troch Vodafone.
Debatteare oant djip yn de nacht, ferwiten oer en wer. Jo seagen it oankommen, de wreedste fan it spul soe der net foarwei en mei read trochbloede eagen die er it iennichste dat him ferlosse koe fan de Plasterkste fan alle tsjinstanners, hy tsjinne in moasje fan wantrouwen yn. It keihurde bewiis fan it feit dat dizze man dy't boppe ús steld is, neat mear fan Alex ferwachtsje mocht. Hy, Alex, lei de latte heech, Plasterk moast mar sjen dat er der oerhinne komme koe.

De kontakten tusken Diederik en Alex wienen izich, dit soe net wer goedkomme. In moasje fan wantrouwen tsjin partijgenoat Plasterk koe Diederik net ferneare of wie it noch sa. Alex en hy slipen de messen en yn de wandelgongen waarden aginda's lutsen om ta in datum foar de showdown te kommen. Bare knuckle op in Binnenhof. May the last one standing be declared as winner. By it earste strieltsje sinneljocht yn de iere wintermoarn koe it oangean...

Myn Samsung trille niis. Nijs. Dijselblomke sei dat je soks net al te folle yn de persoanlike sfear lûke moasten. Diederik en Alex hienen efkes belle. Alles klear. Jo moatte ek net te raar, aanst wer ien op wachtjild en dat is net út te lizzen yn dizze tiid.

Wat skynber wol út te lizzen is: Wy wurde oan alle kanten besoademitere, ôflústere en in politike striid op libben en dea is mei ien petearke wer oereide. Op nei it folgjende feestje. Hoera. 

   



 

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen